De Lemster Rien is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint fan De Lemmer njonken de A6 tusken Eastersee-Buorren en Jistergea troch nei de Tsjûkemar.

Slûs yn Lemster Rien op De Lemmer

De namme Lemster Rien jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Lemsterrijn.