Leyna Nguyen (Fjetnameesk: Leyna Nguyễn; Dong Ha (Súd-Fjetnam), 13 desimber 1969) is in Amerikaansk nijslêzeresse, ferslachjouster en aktrise fan etnysk Fjetnameesk komôf. Hja waard berne yn Súd-Fjetnam, mar flechte as bern mei har âlden nei de Feriene Steaten ta, dêr't hja opgroeide. Nei't Nguyen har karriêre úteinset wie by in pleatslik radiostasjon, krige se bekendheid as presintatrise en nijslêzeresse op ferskate tillefyzjestjoerders yn Kalifornje. Mei har wurk wûn se al trije kear in Emmy Award. Ek stiet Nguyen bekend om har goeddiedichheidswurk.

Leyna Nguyen
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Leyna Nguyen yn 2014.
Leyna Nguyen yn 2014.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Leyna Nguyễn
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 desimber 1969
berteplak Dong Ha (Súd-Fjetnam)
etnisiteit Fjetnameesk
wurkpaad
wurksum as nijslêzeresse, ferslachjouster,
radio-discjockey
medium tillefyzje, radio
wurksum by KCRA-TV, KCAL, KCBS-TV
jierren aktyf 1987 – no
prizen 3x Emmy Award
offisjele webside
Leyna Nguyen op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Nguyen waard yn 1969 berne yn Dong Ha, yn it eardere Súd-Fjetnam. Hja flechte as jong famke yn 1975 mei har âlden nei de Feriene Steaten ta, nei't it Suden de Fjetnamoarloch ferlern hie en anneksearre waard troch Noard-Fjetnam. Nguyen studearre kommunikaasjekunde oan 'e Webster Universiteit yn Sint-Louis, en wurke dêrnei yn dy stêd as ynfallearkrêft en as moarns-discjockey by de jazz-radiostjoerder WEBU. Yn 1987 wûn se in miss-wedstryd en waard se keazen ta Miss Asia.

Har earste tillefyzje-ûnderfining die Nguyen op by de lokale stjoerder WRDW-TV, yn Augusta, yn 'e steat Georgia. Letter ferfear se nei Kalifornje, dêr't se earst wurke by KCRA-TV yn Sacramento. Yn 1997 fûn se wurk by de regionale tillefyzjestjoerders KCAL en KCBS-TV, yn Los Angeles, dêr't se sûnt in karriêre opboud hat as nijslêzeresse en ferslachjouster. Mei dat wurk hat se ûnderwilens al trije kear in Emmy Award wûn, de wichtichste Amerikaansk tillefyzjepriis. Fierders hat se ek as aktrise yn ferskate films spile (faak as harsels), lykas Austin Powers in Goldmember (2002), The Day after Tomorrow (2004) en Teenage Mutant Ninja Turtles (2014).

 
Nguyen ynterviewt loftmachtpersoneel yn in helikopter.

Njonken har karriêre is Nguyen fral ek bekend wurden om har maatskiplike wurk. Hja hat in eigen goeddiedichheidsorganisaasje oprjochte mei as namme Love Across the Ocean ("Leafde fan oer de Oseaan"), wêrmei't se har ynset foar kânsearme bern en jongerein yn Fjetnam. Yn 1996 waard se troch de YMCA útroppen ta YMCA Woman of the Year, en yn 2011 waard se beneamd ta Woman of the Year fan it 68ste (Kies)distrikt fan Kalifornje.

Priveelibben bewurkje seksje

Nguyen is sûnt 11 april 2005 troud mei tillefyzjeprodusint Michael "Mike" Muriano. Hja hawwe twa bern. As leafhawwerijen hat Nguyen itensieden, muzyk en Easterske fjochtsport.


Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.