Lioba (berne om 700/710 hinne yn Wesseks, Ingelân; ferstoarn op 28 septimber 782 yn Schornsheim, Dútslân), wie in misjonaris en Benediktynske non. Hja wurdt yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en yn 'e Easterske otterdoksy as hillige fereare.

Sint-Lioba
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 710
berteplak Wesseks, Ingelân
stjerdatum 28 septimber 782
stjerplak Schornsheim, Dútslân
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke, Eastersk-Otterdokse Tsjerken
hjeldei 28 septimber
hillichdom Fulda.
attributen tsjerkemodel, klok

Boarnen bewurkje seksje

Oer it libben fan 'e hillige Lioba is net in hiel soad skreaun. De belangrykste boarne is de hagiografy fan Rudolf fan Fulda, de Vita Liobae abbatissae Biscofesheimnenis, dy't 50 jier nei har dea skreaun waard. Dêrnjonken bleau yn ôfskriften in brief fan Lioba oan Sint-Bonifatius, twa brieven fan Bonifatius oan Lioba en in brief fan Lullus, de biskop fan Mainz, oan har bewarre. Boppedat wurdt Lioba yn in oarkonde neamd, wêrmei't Karel de Grutte har it goed en de tsjerke fan Schornsheim oerdroech.

Libben bewurkje seksje

Har heit Dynne (ek: Dimo, Tinne; berne om 665 en ferstoarn om 725 hinne) wie in aadlike Angelsaks. Har mem wie Aebbe (ek: Ebba; berne om 665 en ferstoarn nei 730). Har âlden wiene de twadde generaasje nei it kerstenjen fan 'e Angelsaksyske keninkriken. De mem fan Lioba wie besibbe oan Sint-Bonifatius. De âlden bleaune lang sûnder bern en Lioba wie iennichst bern.

Aebbe wie al op leeftyd doe't hja noch in dochter krige. Hja hie earder noch dreamd dat in tsjerkeklok yn har liif late, dy't se der ûnder it lieden útluts. Dat lei Aebbe letter út as in teken foar de berte fan Lioba. Dêrom wurdt Lioba yn 'e ikonografy fakentiden mei in klok útbylde. In betingst foar de berte wie lykwols dat Lioba oan God wijd wurde moast. Dat bringt Rudolf fan Fulda yn 'e Vita Leobae yn ferbining mei de soartegelikense sitewaasje by de berte fan 'e profeet Samuël. De doopnamme fan it famke wie Truthgeb(a). Leobgtyth(a), yn it Latyn Lioba; "de leafste", wie ynearsten in flaainamme, mar waard letter ek troch Lioba sels as ropnamme brûkt.

Har âlders brochten Lioba yn 'e âldens fan likernôch sân jier nei it Benediktynske nonnekleaster fan Wimborne yn it hjoeddeiske greefskip Dorset. Dêr krige hja foarming yn 'e Sân frije keunsten en yn 'e literatuer en teology, ynklusyf it tsjerkerjocht. Lioba libbe dêrnei sels as non en learares yn 'e kleasters fan Kent en Wesseks. Dy kleasters stipen de missyaktiviteiten fan Bonifatius yn it ryk fan 'e Franken.

Tusken 732 en 735 frege Bonifatius oan 'e abdis fan 'e kleasters om Lioba as misjonaris te beneamen. Yn 735 folge Lioba it fersyk fan 'e aartsbiskop op om nei Dútslân te gean. Bonifatius stjoerde har nei it nije Benediktynske nonnekleaster fan Bischofsheim (hjoed-de-dei: Tauberbischofsheim), dêr't hja tenei abdis wie. Dêr joech hja jonge ynlânske famkes fan 'e boppelaach ûnderrjocht lykas dat ek yn 'e Angelsaksyske keninkriken wenst wie. Under har lieding bloeide it kleaster fan Tauberbischofsheim, dat yn 'e kontreien in wichtich foarmings- en kultureel sintrum waard. Hja late in rige fan har learlingen op ta leararessen, dy't de kunde wer fierder trochjoegen yn 'e dochterstiftings, dêr't Lioba it tafersjoch op útoefene.

Opfallend is har grutte krewearjen foar it oplieden fan froulju en harren taak yn 'e missy, lykas hja dat út Ingelân koe. Dat ferskilde bot fan it mear androsintyske Romeinske model, dat letter mear wenst wurde soe.

Riedjouwer bewurkje seksje

Lioba wie bekend mei de hegere lagen fan it Frankyske Ryk. Hja wie mei ien fan 'e froulju fan Karel de Grutte befreone, keninginne Hildegard, en doe't hja op leeftyd rekke joech Karel de Grutte har yn Schornsheim in plak om 'e âlde dei troch te bringen. Lioba stie as riedjouwer heech yn oansjen by sawol wrâldske as tsjerklike lieders.

Noch foardat Bonifatius yn 754 foar it lêst op reis nei Fryslân gie, sammele er syn folk om him hinne en regele er syn opfolging: Sturmius waard al earder as abt fan it kleaster fan Fulda beneamd, Lullus soe aartsbiskop fan Mainz wurde en Lioba waard fierder it missywurk tabetroud.

Bonifatius ornearre dat hja nei har dea yn syn grêf yn it kleaster fan Fulda byset wurde moast. Hy betroude Lioba ta oan 'e beskerming fan biskop Lullus en de muontsen fan it Fulda-kleaster. Dêrfandinne wie Lioba de iennige frou dy't sûnder begelieding fan muontsen de klausuer fan it kleaster yn mocht gean om in besite te bringen oan it grêf fan Sint-Bonifatius.

Nei de dea fan Bonifatius kaam it ta in fûle striid tusken aartsbiskop Lullus en abt Sturmius oer de fraach of it kleaster ûnder de biskop stie of dêr ûntheffing fan hie. It wie de biskop dy't de striid lang om let wûn. Hokker kant Lioba yn 'e striid keas is net bekend. Opfallend is lykwols dat Lioba net har lêste dagen yn in ûnder har lieding steand kleaster trochbrocht, mar yn in troch Karel de Grutte skonken goed yn Schornsheim, 25 km súd fan Mainz. Of hja sa bûten it konflikt bliuwe koe, is hjoed-de-dei dreech út te meitsjen.

Ferstjerren bewurkje seksje

Lioba ferstoar nei alle gedachten op 28 septimber 782 op har goed yn Schornsheim. Flak dêrfoar soe hja by in besite yn Aken oan keninginne Hildegard ôfskie nommen ha mei de meidieling dat hja inoar op 'e wrâld net mear sjen soene.

Har omskot waard nei alle gedachten tusken Mainz en Fulda oer itselde paad lykas 26 jier earder Bonifatius nei Fulda brocht, dêr't hja ynearsten noardlik fan it heechalter yn it eastlike koer fan 'e troch abt Sturmius boude stiftstsjerke Sint-Salvator byset waard. Dêrby waard dus de winsk fan Bonifatius net útfierd om har yn syn grêf by te setten. Neffens Rudolf fan Fulda doarden se it net oan om it grêf fan de doe al tige fereare hillige te iepenjen.

Reliken bewurkje seksje

Nei de bou fan 'e saneamde Ratgar-basilyk op it plak fan 'e oarspronklike tsjerke yn Fulda lei it grêf fan Lioba yn 'e wei, om't dêr yn opdracht fan abt Eigil yn 818 de krypte komme soe. Dêrom moast it grêf ferhûzje en yn 819 joech aartsbiskop Haistulf fan Mainz opdracht ta de translatio fan 'e reliken nei it súdlike sydskip. Yn dy tiid waard Lioba al as hillige fereare.

 
Petrustsjerke op 'e Petrusberch.

Om 't Lioba yn 'e klausuer fan 'e Fuldaër muontsen byset waard, wie de tagong foar froulju by har grêf yn 'e regel net tastien. Lioba koe lykwols in soad minsken út de boppelaach en de druk op it kleaster moat dêrom grut west ha om foar in oplossing te soargjen. Dy oplossing waard fûn troch tusken 836 en 838 de reliken oer te bringen nei de troch abt Hrabanus Maurus stifte Petrustsjerke op 'e Petrusberch yn Fulda. Lioba's reliken waarden dêr yn in stiennen sarkofaach yn 'e krypte lein.

Op in fierder net bekend stuit binne de reliken letter wer nei de haadtsjerke fan it kleaster fan Fulda oerbrocht. De lege sarkofaach bleau op 'e Petrusberch en waard sels in plak dêr't mirakuleuze genêzings ferwacht waarden. Der is in barok muorreskilderij yn 'e krypte fan 'e Petrustsjerke, dy't it oerbringen fan 'e reliken ôfbyldet: memmen leine harren sike bern yn'e lege sarkofaach, om sa de foarspraak fan 'e hillige te freegjen. De sarkofaach waard dêrom yn 'e folksmûle Schreistein neamd.

Yn 1655 krigen de Fransiskanen, dy't yn Tauberbischofsheim in nij kleaster stiften, in skouderblêd fan 'e hillige. De plasse fan Lioba leit sûnt 1995 wer yn 'e Petrustsjerke op 'e Petrusberch.

Ferearing bewurkje seksje

Sint-Lioba wurdt op 28 septimber, de dei fan har ferstjerren, yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke betocht.

Oars bewurkje seksje

  • Yn Ljouwert waard yn it Sint-Bonifatiuspark in strjitte nei Lioba ferneamd.
  • Yn Egmond-Binnen is it kleaster ferneamd nei Sint-Lioba.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tauberbischofsheim