Liudgertsjerke (Nijtsjerk)

De Liudgertsjerke is in histoarysk tsjerkegebou yn Nijtsjerk yn it Westerkertier yn 'e provinsje Grinslân. De tsjerke waard oan it begjin fan 'e 13e iuw boud en is in ryksmonumint.

Liudgertsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Nijtsjerk
adres Zandumerweg 1
koördinaten 53° 13' N 6° 21' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sint-Piter[1]
Arsjitektuer
boujier ± 1200
boustyl Romaanske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31416
Webside
PKN-gemeente
Kaart
Liudgertsjerke (Grinslân)
Liudgertsjerke

Skiednis bewurkje seksje

De bou fan 'e tsjerke oarspronklik oan Sint-Piter fûn oan it begjin fan de 13e iuw plak. Oarspronklik bestie it gebou út in skip fan dowestien mei in healrûne apsis. De sealtektoer is nei alle gedachten wat jonger en is fan dowestien en bakstien boud. Noch yn 'e selde iuw waard oan 'e súdlike kant de tsjerke fergrutte. Mooglik wie it doel om in krústsjerke te bouwen, want ek oan de noardlike kant hawwe der bouaktiviteiten west, mar it skip is dêr letter wer tichtmitsele.

 
Oargel

Lykas wenst krige de tsjerke oarspronklik in reiten tek, dat letter mei dakpannen belein waard. De apsis waard nei de reformaasje healwei de 17e iuw ferfongen troch in trijesidich koer.

By in grutte restauraasje fan 1964-1967 waard in yn 1869 oanbrochte pleisterlaach ferwidere en krige de tsjerke mei it werombringen fan lytsere, heechlizzende finsters it romaanske karakter werom. De grutte ramen en de bepleistering fan it koer bleaune ûnferoare.

Ynterieur bewurkje seksje

Yn 'e tsjerke stiet in preekstoel út 1705 fan Allert Meijer en Jan de Rijk. De liedklok fan 1620 waard yn 'e Twadde Wrâldkriich foardere en omraand en neitiid ferfongen troch in nije klok. De tsjerkebanken yn 'e súdlike oanbou binne riker fersierd as de tsjerkebanken yn it skip.

Oargel bewurkje seksje

De tsjerke besit in oargel fan Van Oeckelen út 1894. It ienmanualige ynstrumint mei oanhongen pedaal hat tsien registers.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: