Liverpool and Manchester Railway

De Liverpool and Manchester Railway (L&MR) wie it earste passazjiersspoar yn de wrâld. Alle treinen waarden ynroastere en waarden op it grutste part fan it trajekt troch stoomlokomotiven lutsen.

Iepeningsrit fan de Liverpool and Manchester Railway, skilderij fan A.B. Clayton.
It trasee fan de L&M

De line waard iepene op 15 septimber 1830 en rûn tusken de stêden Liverpool en Manchester yn noardwest-Ingelân yn it Feriene Keninkryk.[1] By de feestlike iepeningsrit waard de Britske parlemintariër William Huskisson by it oerstekken fan de spoarbaan oanriden troch de stoomlokomotyf, de Stephenson's Rocket. Hy stoar in tal oeren letter oan syn ferwûnings.

De L&MR waard yn it foarste plak oanlein om wis te wêzen fan in flugger ferfier fan grûnstoffen en ôfwurke produkten tusken de haven fan Liverpool en de fabriken in Manchester en de stêden yn de omkriten. Yn 1845 waard de L&MR troch har wichtichste sakepartner, de Grand Junction Railway (GJR) oernaam; fan 1846 ôf wie de GJR diel fan de Londen and North Western Railway.

It spoartrajekt wurdt noch brûkt, mar hat safolle net mear te betsjutten as earst troch in parallel rinnend spoar.

Literatuer bewurkje seksje

  • Robert E Carlson: The Liverpool and Manchester railway project 1821-1831. David and Charles, Kelley, 1978. ISBN 0-678-05540-8.
  • Anthony Coulls: Railways as World Heritage Sites = Occasional Papers of the World Heritage Convention. ICOMOS 1999, s. 19en f.
  • Frank Ferneyhough: Liverpool and Manchester Railway, 1830-1980. Robert Hale Ltd, London 1980. ISBN 0-7091-8137-X.
  • Simon Garfield: The Last Journey of William Huskisson. Faber and Faber, 2002. ISBN 0-571-21048-1.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Stockton and Darlington Railway waard yn 1825 iepene, mar ielen fan de line makken gebrûk fan kabels, allinne de koaletreinen waarden lutsen troch lokomotiven. De Canterbury and Whitstable Railway iepene maaie 1830 en makke meast ek gebrûk fan kabels. Ferfier meihynders, persoaneferfier derby, koe nei it beteljen fan tol gebrûk meitsje fan it spoar