Londinium (Londen) wie de Latynske namme foar de haadstêd fan de Romeinske provinsje Brittanje dy't hjoed-de-dei de haadstêd fan it Feriene Keninkryk en Ingelân is. De geunstige lizzing oan de Teems wie goed foar de ûntjouwing fan de stêd. Londinium wie yn de Romeinske tiid ien fan de grutste stêden bûten it hjoeddeiske Itaalje en wie in wichtich hannelssintrum.

Kaart fan Londinium om 400 nei Kristus hinne.
Makette fan de earste brêge oer de Teems yn it Londen fan 8590

Ferwoasting bewurkje seksje

Tsien jier nei de stifting waard by de opstân fan de Keltyske keninginne Boudikka (60) Londinium mei de grûn lyk makke. Opgravingen hawwe in protte skea troch fjoer út dy tiid sjen litten, wat tinken docht dat de stêd yn 'e brân stutsen wie. De stêd hie ek militêre bouwurken, dat faaks hawwe de Romeinen de stêd as útfalsbasis tsjin de opstân brûkt. Boudikka ferneatige alles wat hja foar Romeinsk oanseach; in Romeinske stêd as Londinium sil wierskynlik in dúdlik symboal fan Romeinske oanwêzigens west hawwe.

Weropbou bewurkje seksje

Nei't de opstân fan Boudikka delslein wie koe op 'e nij úteinset wurde mei de weropbou fan de stêd. De stêd waard yn sa'n tsien jier fannijs opboud en groeide stadichoan fierder oant om 140 hinne it hichtepunt fan it ynwennertal berikt waard. Mei 45.000 ynwenners wie Londinium ien fan de grutste stêden bûten Italië. Dêrnei rekke it plak stadichoan yn it delgean.

De groei fan Londinium wie fral te tankjen oan it feit dat it plak om 100 hinne de rol fan Camulodunum as haadstêd fan Romeinsk Britannia oernaam. Yn de 2de en 3e iuw ûntjoech de stêd him fierder en wie it in wichtich wen- en hannelsplak.

Om-ende-by 375 wie Londinium in lytse, mar bloeiende mienskip dy't troch stiennen ferdigeningswurken folslein beskerme waard. Der waard fan de boargers ferwachte dat hja foar eigen feiligens stiene.

Ein fan it Romeinske bewâld bewurkje seksje

Yn 410 kaam formeel in ein oan it Romeinske bewâld oer de provinsje Britannia doe't it Romeinske leger fuort luts om net mear werom te kommen. Londinium waard in fersterke stêd dêr't de bewenners fan sels ferantwurdlik wienen foar har beskerming. De befolking fan de omkriten flechte yn 457 nei de stêd doe't sy troch ynfallers bedrige waard. Stadichoan rekke de stêd yn ferfal en waarden de ferdigeningswurken net mear byholden. Om 510 waard Londinium ferovere troch de Saksen.

Keppeling om utens bewurkje seksje