De Lytse Wielen is in wetter west fan Tytsjerk yn de gemeente Ljouwert. It wetter wurdt foarme troch in stikmannich plassen. It binne net wier wielen, maar mei elkoar ferbûne feanplassen, dy't yn de Midsiuwen ûntstien binne troch ûntwettering en feanterij.

Gea bewurkje seksje

Yn it gebiet groeit in soad reiden en siggen. Yn 'e mande mei de plassen fan de Grutte Wielen foarmje de Lytse Wielen dêrtroch in wichtich briedgebiet foar trekfûgels en wetterfûgels. De sompe- en ouwerlannen fan de Wielen binne fan belang as briedgebiet foar ûnder oaren de Reidsjonger.

Yn de Wielen wurdt altyd in soad fiske. Yn it wetter swimt meast brazem en foarn. Yn 2006 is der in fûgelsjochhutte boud.

Rekreaasje bewurkje seksje

Oan de Lytse Wielen lizze in paviljoen en in kemping en earder wie der ek in swimbad. Yn it plan Lytse Geast stienen de plannen foar rekreaasjeterrein De Griene Stjer dat der flakby leit.