M.C. Escher Akwadukt

It M.C. Escher Akwadukt is in akwadukt oan de súdkant fan Ljouwert yn it ferlingde fan de Drachtsterwei. It Van Harinxmakanaal rint oer it akwadukt.

M.C. Escher Akwadukt
bouwurk
It akawadukt yn 2018
It akawadukt yn 2018
lokaasje
plak Ljouwert
bysûnderheden
boujier 2014-2016
oerbrêget Drachtsterwei
tunnelet ûnder Van Harinxmakanaal
oare ynformaasje
lingte 80 m.

It akwadukt is ferneamd nei de yn Ljouwert berne keunstner Maurits Cornelis Escher en waard offisjeel iepene op 31 augustus 2017.[1] Op 7 augustus wie de easlike rydbaan al foar auto's iepensteld. It bouwurk kaam der as ferfanging fan de Drachsterbrêge.[2] Yn it ramt fan Masterplan Kunst Vrij-Baan waarden tegeltablo's makke neffens ûntwerp fan keunstner Jan van der Ploeg.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: