In Magdalena-asyl of Magdalenawaskerij (Magdalene Laundry) wie in ynstitút fanwege de Roomsk-katolike tsjerke, yn de 19e iuw oant fier yn de 20e iuw, foar de opfang fan saneamde 'fallen froulju' yn benammen Ierlân, mar ek yn Ingelân en oare Europeeske lannen en Kanada en de Feriene Steaten.

Magdalene Laundry yn Ierlân, iere 20e iuw

It earste asyl yn Ierlân, foar protestantske famkes, waard iepene yn Dublin yn 1767, stifte troch filantrope Lady Arabella Denny (1707–1792). Yn Belfast waard der ien stifte yn 1839.

Oarspronklik wie de bedoeling fan de asilen de rehabilitaasje fan de froulju en it weromkommen yn de maatskippij, mar yn begjin 20e iuw hienen dy ynstituten stadichoan it karakter fan in finzenis krigen, mei straffen anneks (benammen yn Ierlân en Skotlân). Yn de measte Magdalenahuzen moasten de famkes fan moarns ier oant yn de jûn skreppe en wrotte sûnder lean. Feitlik wie it slave-arbeid. Teffens moasten sy har deljaan ûnder in strang rezjym fan bidde en ferplicht swije. Yn Ierlân wienen sokke ynstituten bekend as Magdalene laundries. Der wurdt rûsd dat sa'n 30.000 froulju yn dy ynstituten sitten hawwe, faak in libben lang.

Yn Ierlân wienen it fjouwer kleasteroarders dy't tsien Laundries yn it wurk holden. It lêste Magdalena-asyl yn Ierlân waard sletten op 25 septimber 1996.

Skiednis bewurkje seksje

Oarsprong bewurkje seksje

Magdalena-asilen ûntstienen út de Evangelyske Rêdingbeweging yn it Feriene Keninkryk yn de 19e iuw; it doel wie offisjeel de rehabilitaasje fan froulju dy't yn de prostitúsje wurke hienen. Yn Ierlân waarden dy ynstellingen neamd nei Maria Magdalena dy't, sa't de Roomsk-Katolike tradysje woe, in prostituee wie, dy't boete dien hie foar har sûnden en doe ien fan Jezus syn meast trouwe neifolgers waar.

De Magdalenabeweging yn Ierlân waard al oernaam troch de Roomsk-katolike tsjerke. De tehuzen dy't yn it earstoan bedoeld wienen foar koartduorjende opfang, feroaren hieltiid mear yn ynstituten dêr't minsken lang fêstholden waarden. De boetelingen moasten swier wurk dwaan, meast yn waskerijen, omdat de ynstellingen it sels fertsjinje moasten en net jildlik stipe waarden troch de Katolike tsjerke.

De Magdalenbeweging rekke hieltiid fierder ôf fan de oarspronklike bedoeling fan de Rêdingsbeweging; de asilen krigen mear en mear it karakter fan in finzenis. De nonnen dy't it tafersjoch hienen waarden hjitten om werom gean yn de maatskippij te ûntmoedigjen en oan te stean op fierdere boetedwaning.

Omstannichheden bewurkje seksje

 
Magdalene Laundry yn Ingelân, begjin 20e iuw

De administraasje fan de Magdalena-asilen út har iere skiednis lit sjen dat in protte froulju doe frijwillich kamen en fuortgienen, soms faker as ien kear. Lu Ann De Cunzo skreau yn har boek, Reform, Respite, Ritual: An Archaeology of Institutions; The Magdalen Society of Philadelphia, 1800-1850,[1] dat de froulju yn it asyl fan Filadelfia "sochten nei beskûl en ferlichting by sykte, útstel fan finzenisstraf, ûngelokkige famylje-omstannichheden, misbrûk troch manlju en minne ekonomyske omstannichheden." Dat sil wol sa west hawwe, mar hja bedarren yn ynstituten dêr't it rezjym fan, neffens moderne mjitstêven, beskôge wurde kin as fysike-, psychologyske- en seksuele tramtaasje. In protte froulju mienden dat sy de ynstituten nedich hiene om boete te dwaan en te oerlibjen, omdat de nonnen har fiele lieten dat sy sels fan alles de skuld wienen.

Finnegan seit dat de mienskip fûn dat de froulju dy't faak prostituee wienen, 'ferlet fan boetedwaning hiene'. De bewenners waarden 'bern' neamd en wienen oant yn de 70er jierren ferplicht om it personeel mei 'mem' oan te sprekken. Ut reden fan oarderhanthavening en in soarte fan kleastersfear te befoarderjen, moasten de bewenners in grut part fan de dei swije, waarden freonskippen ûntmoedige en wiene liifstraffen hiel gewoan.

Doe't it fenomeen letter yn de tiid algemiener waard, waarden neist prostituees, ek net-troude memmen, geastlik beheinde famkes en ferkrêfte famkes nei Magdalena-asilen stjoerd. Sels jonge famkes dy't beskôge waarden as te promisku, of dit neffens oaren te folle flirten, of dy't gewoan te kreas wiene (en letter wolris foar in skandaal soargje koenen), waarden nei sa'n asyl stjoerd. Deselde praktiken hearsken yn dy tiid yn de troch de steat bestjoerde asilen yn Brittanje en Ierlân. De froulju waarden meast op fersyk fan famylje (meast manlju), prysters en dokters yn de asilen opnaam. At der gjin famylje wie om foar harren te pleitsjen, sieten de bestraften faak in libben lang yn it asyl, in protte leine dan in religieuze belofte ôf.

Magdalena-asilen wienen sosjaal akseptearre ynstituten yn it Ierlân mei syn tige konservative seksuele moraal, oant fier yn de twadde helte fan de 20e iuw. De kleasterasilen ferdwûnen meidat de seksuele moraal feroare. Finnegan heaket dêr oan ta dat de komst fan de waskmasine faaks likefolle betsjutten hat foar it sluten fan de waskerijen.

Publyk skandaal bewurkje seksje

Oer it bestean fan de Ierske kleasterasilen kaam oant 1993 net folle nei bûten. Yn 1993 ferkochten nonnen yn Dublin in part fan harren konvint oan in makelder. Yn de tún waaden de stoflike omskotten fan 155 anonym bedobbe bewenners opgroeven en op ien nei kremearre en fannijs bedobbe yn in massagrêf op it Glasnevin-begraafplak. It waard in publyk skandaal en helle it lanlike nijs. Yn 1999 ferhellen Mary Norris, Josephine McCarthy en Mary-Jo McDonagh, allegear eardere asylbewenners, fan de behanneling dy’t sy dêr hân hienen. Yn 1997 waarden eardere bewenners fan Magdalena-asilen ynterviewd yn de dokumintêre Sex in a Cold Climate en ferklearren dat sy geregeldwei seksueel, psychysk en fysyk misbrûk trochstean moasten, wylst sy foar ûnbepaalde tiid, fan de bûtenwrâld isolearre, fêstsieten. Yn 2002 kaam de film The Magdalene Sisters fan Peter Mullan dêr noch oerhinne, dy’t troch it Fatikaan offisjeel yn de ban dien waard.[2]

Juny 2011 ûntfâlde ûndersykssjoernaliste en filmmakster Mary Raftery yn de Irish Times dat begjin jierren 40 guon Ierske steatsbedriuwen sa as it Ierske leger har wask fan kommersjele waskerijen oerdienen nei Magdalene laundries. Dêr waard oer sprutsen om’t men benaud wie foar baneferlies by de kommersjele waskerijen. Oscar Traynor, doe minister fan Definsje, woe hawwe dat de kontrakten foarseagen yn earlike beleaning foar de ‘wurknimsters’, wat nuver is omdat de froulju yn dy waskerijen net betelle waarden. Koart dêrnei kaam út dat tal fan hotels, pastorijen, finzenissen, ministearjes en sels it presindinsjeel paleis har wask yn de kleasters dwaan lieten.

Undersyk nei misbrûk fan bern bewurkje seksje

Maaie 2009 kaam de Undersykskommisje nei Misbrûk fan Bern mei in rapport fan 2000 siden[3]. It rapport befettet de kleems fan hûnderten Ierese boargers dy't sizze dat sy yn harren bernejierren fysyk, seksueel en emoasjoneel tamtearre binne yn ûnderwiisynstellingen fan de steat, yn it wurk holden troch de RK-tsjerke en ornearre foar de earmen, kwetsberen en fertutearzgen, yn it tiidrek 1930 - 1990. It misbrûk waard begien troch nonnen, geastliken, lieding en ek wol lju fan bûten.[4] It rapport giet oer misbrûk yn tal fan Ierske Katolike- en steats Industrial schools, ek de Magdalena-asilen.

Sûnt 2001 jout it Ierske regear ta dat de froulju yn de Magdalenawaskerijen slachtoffer wiene fan misbrûk. Lykwols woene sy net oanstean op ûndersyk en ek neat witte fan kompinsaasje. De oerheid hâldt út dat de waskerijen partikulier bestjoerd waarden en fielt har dêrom net ferantwurdlik foar de misstannen dêre. Yn tsjinstelling fan wat de oerheid seit, bestiet der bewiis dat Ierske rjochtbanken geregeldwei feroardielden fan lytse fergripen nei de waskerijen stjoerden, dat de oerheid lukrative kontrakten oan de waskerijen gunde sûnder oan te stean op beskerming en earlike behanneling fan de wurkers en dat Ierske beamten soargen foar foldwaande wurkers yn waskerijen troch froulju sels te bringen en ûntsnapte wurkers werom te stjoeren.

Ynternasjonaal rjocht bewurkje seksje

De belangeferiening Justice for Magdalenes hat it Iersk regear twa jier lang frege om ûndersyk nei de tastannen yn de Magdalenawaskerijen. Doe't dat neat joech hawwe sy har saak foarlein oan it United Nations Committee Against Torture. De Feriene Naasjes hawwe de Ierske oerheid earst yn 2011 safier krigen dat sy de mishannelingen it útrûpeljen fan de wurkers yn de Magdalena-asilen ûndersykje litte sille.

Literatuer bewurkje seksje

  • Frances Finnegan: Do Penance or Perish: A Study of Magdalene Asylums in Ireland. Congrave, Piltown 2001, ISBN 0-9540921-0-4
  • Mary Raftery, Eoin O’Sullivan: Suffer the Little Children: The Inside Story of Ireland’s Industrial Schools. New Island, Dublin 1999, ISBN 1-874597-83-9
  • James M. Smith: Ireland's Magdalen Laundries and the Nation's Architecture of containment. Manchester University Press, Manchester 2008, ISBN 978-0-7190-7888-0

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. publisearre yn Historical Archeology, it blêd fan de Society for Historical Archaeology)
  2. http://www.michigandaily.com/content/controversial-film-sisters-hits-dvd
  3. Childabusecommission.com
  4. Child Abuse Commission Report Vol III, haadst. 7 en 9