Marcel Mordekhaï Gottlieb (Parys, 14 july 1934 - Le Vésinet, 4 desimber 2016) [1] wie in Frânsk striptekener en útjouwer, bekend ûnder syn pseudonym Gotlib. Troch syn eigen wurk en as mei-oprjochter fan de magazines L'Echo des Savanes en Fluide Glacial, wied er in kaaifiguer yn de oerskeakeling yn Frânsktalige strips fan entertainment foar bern nei in mear folwoeksen toan en ynhâld, en in âlder lêzerspublyk.

Marcel Gotlib yn 2011

Yn it Nederlânsk ferskynden Koos Voos (Pervers Pépère), Lobbes, Waanzin-Waanzuit en Hamster Joviaal. De strip Waanzin-Waanzuit ferskynde yn de jierren '70 geregeldwei yn it stripblêd Pep.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: