Maria Sterk (Ferwert, 5 juny 1979) is in earder Fryske maratonrydster.

Maria Sterk
Maria Sterk
Maria Sterk
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 5 juny 1979
berteplak Ferwert
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Maratonriden,
Langebaanriden
earste titel Aart Koopmans Memorial, Weissensee (2007)
debút 2001
karriêre-ein 2015

Yn 2005 einige se as tredde yn de Essent Cup en op 11 febrewaris foel se it wrâld-oererekord foar froulju oan dat doe noch yn hannen wie fan Lian van Tol mei 34.507,30 meter.[1] It rekord fan Van Tol wie 34.507,30 meter.[2][3] Op 30 maart 2005 bruts se dat rekord op Thialf op It Hearrenfean en mei in ôfstân fan 36.441,26 meter. By dat besykjen it rekord te brekken harke se nei muzyk fan Anastacia, Anouk en Tina Turner om hat te stimulearjen. Begjinnend mei rûntsjes fan 37 sekonden naam se in foarsprong fan in minút op it âlde rekord foardat se oan rûntsjes fan 40 sekonden begûn. Op de einstreek wie har gemiddelde rondetiid 39,5 sekonden, wat genôch wie om it rekord te brekken en te bringen op in ôfstân fan 36.441,26 meter.

Maria Sterk waard twadde yn de Greenery Seisdeiske fan 2006. Se koe gjin wedstryd winne, mar einige as twadde yn twa wedstriden en garre genôch punten om twadde te wurden efter Daniëlle Bekkering, mar foar Elma de Vries.[4] It slagge har boppedat om earste en twa tredde plakken te heljen yn de Essent Cup 2006-2007.[4] Se waard tredde efter Bekkering en De Vries.

Op 11 jannewaris 2015 makke Sterk bekend dat se ophâlde soe mei maratonreedriden om't se yn ferwachting wie fan har earste bern. Maria Sterk is in suster fan bassist Meindert Sterk.

Utslaggen bewurkje seksje

Jier Plak Kampioenskip
2009 18 NK Ofstannen 3000 meter
2010 7 NK Ofstannen 5000 meter
2011 12 NK Ofstannen 3000 meter
2011 5 NK Ofstannen 5000 meter
Jier Plak Maraton
2007   Aart Koopmans Memorial, Weissensee
2009   ONK op Natoeriis, Weissensee
2010   NK op Natoeriis, Súdlaardermar

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Schaatsster Sterk wil werelduurrecord breken, knsb.nl
  2. Maria Sterk doet aanval op werelduurrecord, frieschdagblad.nl
  3. Schaatsster Sterk wil werelduurrecord breken, knsb.nl
  4. 4,0 4,1 Maria Sterk, wereldvanoranje.nl