Marinus Agterberg

Andreas Johannes Marinus Agterberg (Utert, 1 maart 1925 - Snits, 18 oktober 1977) wie in politikus en teolooch.

Pater Martinus Agterberg wie lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân (1970-1974 foar it Progressive Akkoard Friesland en fan 1974-1976 foar de PPR). Hy waard fan 1 jannewaris 1973 - 20 septimber 1977 PPR-lid fan de Earste Keamer en sûnt 1974 fraksjefoarsitter. Teologysk stêflid fan it roomske foarmingssintrum Vinea Domini yn Wytmarsum fan 1964 oant 1972.

Trede yn 1948 by de Augustinen yn en studearre ûnder oare yn Rome en Parys. Hy waard ta pryster wijd in 1953. Promovearre yn 1957 op Ecclesia Virgo, étude sur la virginité de l'eglise et des fidèles chez Saint Augustin; oant 1964 dosint oan grut-seminaarje fan de augustinen.

Wie sûnt 1963 adviseur fan de Unitas-beweging en wie fan 1972- 1974 direkteur fan de WOSA. Doe stúdzjesekretaris fan de lekebeweging Unitas yn Nymwegen, in sintrum dat ûnder mear minsken nei ûntwikkelingslannen útstjoert.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: