Mark Dedrie ( * 1962, Wilrijk, Belgje), is in Belgyske byldhouwer.

Byld fan in bear
Mark Dedrie
Going with the flow
Mark Dedrie

Hy waard berne as bakkerssoan yn Wilrijk. Hy hie net folle nocht om bakker te wurden en sette útein mei in brûnsjitterij, dêr't er hast trettjin jier brûnsjitter wie (1983-1997). Sadwaande moete hy in soad artysten en besleat om eigen bylden te meitsjen. Sûnt 1997 hat er in protte eigen bylden makke yn brûns en waarfêst stiel. Ek brûkt er graach inoks, in gemysk behannele materiaal dat wat wei hat fan brûns, syn favorite materiaal. Mark wol it publyk aan jaan fan de grutte ferbûnenens fan minsk en bist.

Om syn spontane ekpresjetwang net te bedjerren, wurket Mark sûnder bozzetti, foarstúdzjes dêr't akademyske byldhouwers graach mei wurkje meie. Dat detaillearre byldhouwerstekeningen sitte net yn syn laatsjes. Pas nei it brûnsjitten, wêrby't de waaks ferlern weirint, mikt Mark op perfeksje fan it rûch stjurre brûns en begjint it skuorjen en polysten. Yn de twadde helte fan de jierren njoggentich brekt Dedrie troch as selsstannich byldhouwer. Yn 1999 rjochtet er in beskieden keunstnersgroep op.

Yn 2008 wûn hy de cultuurprijs Raymond Majean (Raymond Majean kultuerpriis).[1][2]

Yn 2011 hie Dedrie in eksposysje by galery Terbeek yn Beetstersweach

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kultuerpriis, De Standaard, 19 desimber 2008
  2. Kultuerpriis, De Standaard, 31 desimber 2008