Marretje Arents (1712 - Amsterdam, 28 juny 1748), ek bekend as Mat van den Nieuwendijk of it 'limoenwiif', wie in Nederlânske fisk- en fruitferkeapster, dy't as ien fan de trije oanfierders fan it Pachtersoproer yn Amsterdam ferantwurdlik holden waard.

Persoanlik bewurkje seksje

Marretje Arents wenne net fier fan de Nieuwendijk yn in kelder by de Mandenmakersteeg. Sy hannele yn limoenen, skol en bokking; dêrfandinne waard sy het limoenwijf neamd. Oer har is net folle bekend, mar wol dat hja fiif bern hie, dêr't ien fan âld genôch wurden is om seeman te wurden. Marretje wie in betroude ferskining by it Damrak (op de Beursslûs).

Meidwaan oan it Pachtersoproer bewurkje seksje

Marretje waard 27 juny oanholden. Doe't der drige waard mei de pynbank woe sy wol tajaan dat sy op 24 juny 1748 belutsen west hie by it plonderjen fan fjouwer huzen yn de omkriten fan de Botermarkt, it Rembrandtplein fan no. Sy waard ta de dea feroardiele en tegearre mei Piet van Dort de oare deis ophongen. Mei kaam it ta in hja feroardieling omdat sy sein hawwe soe dat der plannen wienen om it Paleis op de Dam te feroverjen en in revolúsje út te roppen.

Boarne bewurkje seksje