Martin van Amerongen

Martin van Amerongen (Amsterdam, 8 oktober 1941 — Amsterdam, 11 maaie 2002) wie in Nederlânske publisist, kollumnist en sjoernalist, dy't jierrenlang haadredakteur fan it opiny-wykblêd De Groene Amsterdammer west hat.

Martin van Amerongen yn 1986

Van Amerongen waard yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich berne as soan fan in joadske heit en in kristlik-Dútske mem, dy't him evangelysk-lutersk dope liet. Yn de oarloch wie de hûshâlding ûnderdûkt yn Huizen. Van Amerongen wie in autodidakt dy't in grutte kennis opdie oer klassike muzyk en dêroer ek in protte publisearje soe.

Hy wie troud mei ferpleechkundige Anneke Woudstra (1938-1994) út Akkrum mei wa't er twa bern krige. [1]

Nei in stikmannich baantsjes begûn er yn 1962 as sjoernalist by de Ljouwerter redaksje fan it Het Vrije Volk. Fan 1965 oant 1 maaie 1984 wie er redakteur fan Vrij Nederland. Dêr is er mei ophâlden nei in yntern redaksjekonflikt oer it Heine Easten. Fan 1985 oant 1997 en fan 1999 oant syn dea yn 2002 wie er haadredakteur fan De Groene Amsterdammer. Njonken dat skreau er ek noch kollums foar NRC Handelsblad.

Neist syn krantewurk skreau Van Amerongen boeken oer komponisten, de dichter Heinrich Heine en joadske persoanen en ek de polemyk gie er net út de wei. Hy kombinearre syn grutte erudysje mei in feardige penne, sadat syn wurk tige tagonklik bleau.

Van Amerongen wie yn 1996 ien fan de oprjochters fan it Republikeinsk Genoatskip. Hy stoar mei 60 jier oan de gefolgen fan sloktermkanker. Neidat ek Prins Bernhard stoarn wie, waard postúm in opskuor jaand ynterview publisearre dat er mei de prins hân hie. [2]

Bibliografy bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  • Hans Schoots, Van Amerongen, letterknecht (1997)

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hans Schoots, Van Amerongen, letterknecht (1997), s. 27
  2. De Groene Amsterdammer, ynterviews mei Prins Bernhard