Maruschka Detmers

Maruschka Detmers (Schoonebeek, 16 desimber 1962) is in Nederlânsk aktrise fan Drintsk komôf.

Maruschka Detmers
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maruschka Detmers
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 desimber 1962
berteplak Schoonebeek (Drinte)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
jierren aktyf 1983 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Detmers groeide op yn 'e súdeasthoeke fan Drinte, as de dochter fan in bistedokter. Mei santjin jjier ferfear se nei Parys, om dêr as au-pair te wurkjen, en wilens aktearlessen te nimmen. Dêr waard Detmers ûntdutsen troch de Frânske regisseur Jean-Luc Godard. Hy joech har yn 1983 de haadrol yn syn film Phénom Carmen, in optreden dat har trochbraak betsjutte.

Neitiid spile Detmers benammen in protte yn Frânske en Italjaanske films. Yn 1986 feroarsake hja mei har rol yn Le Diable au Corps / Diavolo in Corpo / Devil in the Flesh, fan 'e Italjaanske regisseur Marco Bellocchio, in soad trelit troch in sêne wêryn't hja wier har manlike tsjinspiler oraal befredige, al wurdt de echtheid fan 'e bylden trouwens noch altyd yn 'e kiif steld. Behalven yn Frânske en Italjaanske films hat Detmers sûnt ek yn Amerikaanske en Nederlânske produksjes spile.

Filmografy bewurkje seksje

In kar:

Telefyzje bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: