Mason Moore, echte namme: Megan Morrison (Granada Hills (Kalifornje), 1 febrewaris 1985), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise.

Mason Moore
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Megan Morrison
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 febrewaris 1985
berteplak Granada Hills (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 20082012
offisjele webside
masonmoorexxx.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Moore is hikke en tein yn Granada Hills, in buert yn 'e San Fernandodelling fan Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Yn 2002, op har santjinde, ferfalske se har identiteitsbewiis om as stripper wurkje te kinnen.

Yn 2008, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 130 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations en Evil Angel. Ek wurke se in protte foar pornosites as Brazzers, BangBros, Reality Kings en Naughty America. Tusken 2010 en 2012 sleepte se dêrby sân nominaasjes foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht.

Njonken har aktearwurk posearre se ek foar neakenblêden. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 64 kg. Mids 2012 makke se op har Twitteraccount bekend dat se yn ferwachting wie en by har freon ynlutsen wie, en dat se har dêrom weromloek út 'e pornoyndustry.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne Big Toy Orgy
nominearre bêste lesbyske triosekssêne Sweet Cheeks 11
Xbiz Award nominearre nije stjer fan it jier n.f.t.
FAME Award finaliste favorite nije stjer n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste triosekssêne f/m/m Slutty and Sluttier 11
nominearre bêste anale sekssêne A Girl, a Boy & a Toy
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje Bra Busters
nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: