It Mauritshûs is in ryksmuseum yn De Haach mei benammen skilderijen út de Gouden Iuw. Der hingje ek inkele topwurken út de 18e iuw. It wyls privatisearre en relatyf lytse museum hat in wrâldferneamde samling fan totaal 800 skilderijen, dy't yn it bysûndere ynterieur goed ta harren rjocht komme. De arsjitektuer fan it gebou is faak neifolge. It gebou oan de Hoffiver is eigendom fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst) en heart ta de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten.

It Mauritshûs

Skiednis bewurkje seksje

It stedspaleis is tusken 1633 en 1644 boud troch Jacob van Campen en Pieter Post yn klassisistyske boustyl. De opdrachtjouwer of bouhear wie greve Johan Maurits fan Nassau-Siegen, eartiids gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Brazylje.

It fjouwerkante gebou stiet op in hege sokkel. De gevel fan it gebou hat in kroanlist droegen troch Ioanyske pylders mei de bekende krol yn it kapiteel. It ynswinke dak en it brûken fan bakstien is typysk Hollânsk. Trochdat it fan natoerstien oplutsen middengedielte wat útstekt (in saneamde risalyt), liket it gebou op in Romeinske timpel. Dy boustyl is faak brûkt troch oanhingers fan humanistyske idealen.

Sûnt 1685 wie it Mauritshûs in Hotel fan Steat: hege gasten fan de Steaten-Generaal fan de Nederlannen waarden der ûnderbrocht. Yn 1704 waard it Mauritshûs troch brân swier skansearre. De werbou waard foltôge yn 1720. Op de begeane grûn is noch wat fan de gloarje fan de gouden feestseal werom te sjen.

Utwreiding bewurkje seksje

In 2007 makke it museum bekend dat it útwreidzje woe. Dêrom woe it museum in part fan 'Soasjeteit de Witte' brûke. Under de Korte Vijverberg soe in ferbining tusken de twa gebouwen makke wurde kinne. Op 22 juny 2010 waard in foarlopich ûntwerp presintearre, yn septimber fan itselde jier moast it definitive ûntwerp klear wêze. Begjin 2012 starte de wurksumheden oan it plein, yn it twadde fearnsjier fan 2010 begjint de renovaasje an it Mauritshûs sels. It museum sil mids 2014 fannijs iepene wurde.

Kolleksje bewurkje seksje

As museum bestiet het Mauritshûs sûnt 1822, it hiet doe noch Keninklik Kabinet. De earste direkteur wie Johan Steengracht van Oostcapelle. it museum begûn mei 200 skilderijen, in geskink fan kening Willem I.

Bekende wurken yn it Mauritshûs bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mauritshuis fan Wikimedia Commons.