In meänder is in luts yn in natuerlike wetterrin (streamke, rivier of seestreaming). In rige fan meänders foarmje in meänderjende rivier.

Libbensskiednis fan in meänder

Sokke lutsen ûntstean by rivieren as beken meidat yn de bûtenbocht, dêr't it wetter it fluchst streamt, grûn fuortspield wurdt, wylst oan de oare kant grûn ôfset wurdt. De igge dêr't de grûn ôfslyt wurdt stjitouwer neamd en de igge dêr't materiaal ôfset wurdt hjit de glyd-ouwer.

Sadwaande wurde de bochten op natuerlike wize hieltyd wider en wurdt de rivier ek hieltyd langer. Dat proses duorret oant twa bochten yn elkoar oerrinne (meandertrochbrek); at dat bard wurdt de meänder sels in 'dea' stik fan de rivier en folget de rivier sels suver syn âlde rin wer. It deade stik hat faak de karakteristike hoefizerfoarm en wurdt dêrom hoefizermar neamd.

Bij seestreamingen is in meänder in tydlike ôfbûging fan de steaming dy't him faak ûntjout ta in twirre, in krite yn de stream dêr't it wetter konsintrysk yn de rûnte draait.

Namme bewurkje seksje

It ferskynsel is ferneamd nei de Turkske rivier de Meänder.

Foarbylden bewurkje seksje