In melkmasine is in masine dy't it hânmelken ferfangt. Yn de santiger jierren wie hast alle hânmelken ferdwûn. It oantal melkmasines wie yn 1950 1978, yn 1955 2380, yn 1960 6839 en yn 1970 10.271. Yn it earstoan bleau it systeem fan melken gelyk oan wat dêrfoar wenst wie: simmerdeis op it lân (melkweinen), winterdeis op 'e stâl. Ferskate faktoaren, lykas it tanimmend belang fan de hygiêne, it sykjen nei arbeidsbesparjende metoades, in gruttere neidruk op bettere arbeidsomstannichheden, it ta stân kommen fan in oantal ruilferkavelingen wêrby't stikken lân om de pleats kamen te lizzen, laten ta de opkomst fan de fêste melkynstallaasjes op de pleats.

Melkmasine

Wichtich hjirby binne de saneamde melkkelders wurden, wêrby 't troch ien man folle mear kij molken wurde koenen as eartiids. Dat kaam benammen op troch de opkomst fan de lisboksstâl yn de jierren '70. Arbeidsbesparring en skaalfergrutting makken in strangere seleksje fan de kij op melkberheid needsaaklik.
In dêrby oanslutende arbeidbesparjende metoade waard it saneamde tankmelken. De molke waard net mear yn amers sûge, mar fia liedings nei in kuolle tank laat. Yn 1974 wienen der 1500 bedriuwen mei molktanks. In noch hurdere útwreiding wie net mooglik troch te min kapasiteit fan de elektrisiteitsoanfier. Nei de útfiering fan it agraryske stroomfoarsjenningsplan (1974) kamen der noch folle mear melkkelders en molktanks.

Yn de jierren '80 en '90 waarden de earste folslein automatisearre molksystemen, ek wol melkrobot neamd, ûntwikkele. Oan it melken fan kij komt no gjin mins mear te pas. By in melkrobot stapt de ko sels yn in soarte fan boks en wurdt dan automatysk molken. De gegevens oer de melkjefte wurde opslein op in kompjûter.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: