In middelberchtme of middelberchte is neffens de geology en de geografy in berchtme mei in trochsneed hichte fan tusken 500 en 1.500 meter. Yn 'e plantegeografy wurde de fegetaasjesônes fan dy hichte oantsjut as de submontane sône (500–1.000 m) en de montane sône (1.000–1.500 m), nei it Latynske wurd montanis, dat "bercheftich" betsjut. In berchtme dat yn trochsneed leger is as 500 m heart ta it leechberchtme of de heuvels, wylst in berchtme dat yn trochsneed heger is as 1.500 m beskôge wurdt as heechberchtme. In oare manear om berchtmen te klassifisearjen is neffens hichteferskillen per oerflaksmjitte: de reliëfenerzjy, sa't dat neamd wurdt, fan in middelberchtme leit ornaris om 'e 200 m/km², wat in stik leger is as by heechberchtmen.

De Great Smoky Mountains fan Tennessee en Noard-Karolina binne in middelberchtme.
It Swarte Wâld yn Dútslân is in middelberchtme.

Normaal sprutsen hat in middelberchtme gjin of mar skraachoan toppen yn 'e alpine fegetaasjesône. Dat betsjut dat middelberchtme net troch gletsjers of ivige snie oerdutsen wêze kin, mei't de sniegrins tusken de 2.800 en 3.100 m leit. Sadwaande ûntbrekke yn middelberchtmen spoaren fan glasiale eroazje (ôfsliting troch gletsjers) en glasiale lânfoarmen (lykas gletsjermarren en restmorenen) dy't wol foarkomme yn heechberchtme. Geologysk sjoen hawwe middelberchtmen har almeast (noch) net ta in heechberchtme ûntjûn. Mar wat ek kin, is dat it sokke âlde heechberchtmen binne dat se fan in eardere hegere hichte ôfsliten binne ta middelberchtmen. De fuortsetting fan dat proses sil se redusearje ta leechberchtmen en úteinlings ta skierflakten.

Foarbylden fan middelberchtmen binne it Swarte Wâld, de Harz, it Sauerlân en it Tueringer Wâld yn Dútslân, de Fogezen en it Sintraal Massyf yn Frankryk, de Sjuera op 'e grins fan Frankryk en Switserlân, de Skotske Heechlannen yn Skotlân, it Kolymaberchtme yn it Russyske Fiere Easten en de Great Smoky Mountains yn 'e Feriene Steaten.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatuur, op dizze side.