Mildred J. Hill (Louisville, Kentucky, 27 juny 1859 - Chicago, Illinois, 5 juny 1916) wie in Amerikaansk beukerjuffer en lietsjeskriuwster, dy't de melodij foar "Good Morning to All" skreau, dat letter brûkt waard foar "Happy Birthday to You".

Biografy bewurkje seksje

Mildred J. Hill krige muzykûnderrjocht fan har heit, Calvin Cody en Adolph Weidig.

Mildred Hill wie beukerskoalle- en sneinsskoallejuffer, krektas har jongere suster Patty. Geandewei rekke sy dwaande mei muzyk, lesjaan, komponearjen, en optrede; hja lei har spesjaal ta op Negro spirituals. Hill en har suster waarden ûnderskieden foar harren wurk op it mêd fan progressyf beukerûnderwiis op de Chicago World's Fair.

Happy Birthday bewurkje seksje

Yn de tiid dat hja les joegen oan de Eksperimintele Beukerskoalle fan Louisville, skreaune de susters Hill it liet "Good Morning to All"; Mildred skreau melody en Patty de tekst. It liet waard yn 1893 publisearre yn Song Stories for the Kindergarten as on wolkomsliet foar de learlingen.

"Happy Birthday to You" waard foar it earst printe yn 1912 op de melody fan "Good Morning to All" mar mei in oare tekst. De populêrens waard hieltyd grutter oant yn de jierren 30, sûnder dat de tekstskriuwer en de komponist fan "Good Morning to You" bekend wiene. De susters waarden allinne ferneamd as de skriuwers fan "Happy Birthday to You". De Hill Stifting bart noch altyd fan optredens mei it liet.

Hill en har suster waarden postúm opnaam yn de Songwriter's Hall of Fame op 12 juny 1996.

Keppelings om utens bewurkje seksje