Miljuschka Witzenhausen

Miljuschka Lola Witzenhausen (Amsterdam, 10 july 1985) is in Nederlânske presintatrise, FJ, soapaktrise, kulinêr ekspert en telefyzjekok.

Miljuschka Witzenhausen
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Miljuschka Witzenhausen
Miljuschka Witzenhausen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Miljuschka Lola Witzenhausen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 july 1985
berteplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Presentatrise
medium Telefyzje
wurksum by TMF,
RTV Noard-Hollân,
SBS 6,
RTL 4,
RTL 5,
24Kitchen,
Videoland,
Zapp
jierren aktyf 2005-heden

Karriêre bewurkje seksje

Behelle yn 2004 har gymnasiumdiploma op it Vossius Gymnasium yn Amsterdam en studearre dêrnei twa jier rjochten. Fia it modelleburo dêr't se wurke kaam sy úteinlik by de jongereintelefyzjestjoerder TMF terjochte, dêr't se fan 5 febrewaris 2005 ôf wurksum wie. Witzenhausen presintearre tegearre mei Nikkie Plessen en Valerio Zeno it programma Re-action en presintearre ek de Dei Top 5, Kweekvijver en TMF op Weg. Yn 2006 en 2007 presintearre sy de TMF Awards. Op 30 oktober datselde jier ferliet se de jongereinstjoerder.

Yn 2008 wie Witzenhausen njonken Peggy Vrijens en Everon Jackson Hooi te sjen yn de ynternetsoapsearje Sound as DJ Joy. Ek spile sy fan ein 2008 ôf mei yn de soapsearje Onderweg naar Morgen as Jacqueline Brunel. Op 15 jannewaris 2010 wie se foar it lêst te sjen yn Onderweg naar Morgen.

Hjirnei presintearre se yn 2008 en 2009 noch it realityprogramma Op safari foar de regionale telefyzjestjoerder RTV Noard-Hollân en presintearre se yn 2009 de Radiobitches Awards 2009 yn Studio 21 te Hilfertsom.

Yn 2014 wie Witzenhausen te sjen as saakkundige op it mêd fan fieding en lifestyle yn it SBS 6 programma Shownieuws. Ek wie se dat jier ien fan de presintatoaren fan it middeisprogramma. Hier moet je zijn op RTL 4. Yn 2015 begûn se mei it programma Miljuschka's Food Trucks op itensiedersstjoerder 24Kitchen.

Sûnt 2016 is Witzenhausen in fêst gesicht op de RTL-stjoerders RTL 4 en RTL 5. Sûnt 2016 is se te sjen as sûnens - en fiedingssaakkundige yn RTL Boulevard. Yn 2016 presintearre se Ja, ik wil... in taart tegearre mei John Williams. Yn 2017 presintearre se tegearre mei Martijn Krabbé Topchef Academy op RTL 5. Ek wie se dit jier te sjen yn it RTL 4 programma Een goed stel hersens. Yn 2017 en 2018 wie Witzenhausen presintatrise fan RTL Boulevard (wykeinedysje) en De Chocolade Show yn 2017. Yn it neijier fan 2018 foarme Witzenhausen in presintaasjeduo mei Kaj Gorgels foar it RTL 4 programma Decembernieuws. Yn de simmer fan 2020 presintearre Witzenhausen alle wurkdagen by RTL 4 it programma Miljuschka Kookt. Yn de maitiid fan 2021 presintearret Witzenhausen it programma Snackmasters mei Martijn Krabbé. Yn 2022 presintearre se it programma Obese op RTL 5.

Oersjoch karriêre bewurkje seksje

Jier Programma Omrop
2005–2007 Re-Action TMF
2005–2007 De Dag Top 5 TMF
2006 TMF Awards TMF
2006 TMF op Weg TMF
2008–2009 Op Safari RTV Noard-Hollân
2014 Shownieuws SBS 6
2014 Hier moet je zijn RTL 4
2016 Ja, Ik Wil… Een Taart RTL 4
2016–no RTL Boulevard RTL 4
2017 Miljuschka’s Food Trucks 24Kitchen
2017 Topchef Academy RTL 5
2017–2018 RTL Boulevard RTL 4
2017 De Chocolade Show RTL 4
2018 Miljuschka’s Street Food Vietnam 24Kitchen
2018 Decembernieuws RTL 4
2019 Miljuschka in Japan 24Kitchen
2020 Miljuschka in Mexico 24Kitchen
2020 #Eerlijkefoto Videoland
2020 Miljuschka Kookt RTL4
2021 Make-up Cup Zapp/NPO 3
2021-no Snackmasters RTL 4
2022 Obese RTL 5

Priveelibben bewurkje seksje

Witzenhausen waard berne yn Amsterdam, as dochter fan abbekate Astrid Holleeder en Jaap Witzenhausen dy't wurke as bedriuwslieder fan in bordeel en letter as keunsthanneler. Fan memmekant, strafrjochtabbekaat Astrid Holleeder, is hja in omkesizzer fan Willem Holleeder. Witzenhausen is skieden en hat twa bern.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: