Minskerjochteflagge

De Minskerjochteflagge is in yn Nederlân brûkte flagge dy 't symboal stiet foar de lykweardigens fan alle minsken op ierde, en moediget minsken oan om de minskerjochten te respektearjen en te stypjen. It doel fan de flagge is om wrâldwiid bewustwêzen te kreëarjen foar it belang fan minskerjochten en om minsken te ferienigjen yn harren ynset foar gelikensens en respekt foar de fûnemintele rjochten fan eltsenien. De flagge waard offisjeel lansearre op 10 desimber 2020.[1]

De Minskerjochteflagge
De Minskerjochteflagge

Inisjatyf bewurkje seksje

De Minskerjochteflagge is in Nederlânsk inisjatyf en waard lansearre troch de Nederlânske antydiskriminaasjeburo's dy 't gearwurkje ûnder de namme Discriminatie.nl.[2] De flagge is betocht troch Tûmba, it kennissintrum diskriminaasje en diversiteit yn Ljouwert.[3]

Untwerp bewurkje seksje

De flagge is ûntwurpen troch de Ljouwerter ûntwerper Menno de Boer.[4] It útgongspunt foar it ûntwerp wie it idee dat der in soad is dat ús as minsken mei-inoar ferbynt, lykas it dielen fan de ierde, de loft en in plak ûnder de sinne, en dat wy allegear besteane út DNA, nettsjinsteande ús uterlike ferskillen. De ûntwerper hat dizze gedachte oerset nei it ûntwerp fan de flagge, wêrby 't er de foarm fan in DNA-strang as útgongspunt naam en dy kombinearre mei de kleuren fan de ierde (grien), de loft (blau) en de sinne (giel). De flagge leit de klam op dat wat minsken ferbynt.

Gebrûk fan de flagge bewurkje seksje

Nederlânske gemeenten en ambassades wrâldwiid hise de Minskerjochteflagge op 10 desimber.[5][6] Op dizze dei wurdt jierliks stilstien by de Dei fan de Minskerjochten. Ta oantinken oan 10 desimber 1948 doe’t de “Universele Verklaring van de Rechten van de Mens” troch de Feriene Naasjes oannommen waard.

De flagge kin derneist bygelyks ek brûkt wurde op 21 maart, de Ynternasjonale Dei Tsjin Rasisme & Diskriminaasje,[7] en by de betinking fan it slavernijferline.[8]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 10 december: Lancering van de Mensenrechtenvlag | Movisie
  2. 10 december: Lancering van de Mensenrechtenvlag | Movisie
  3. Met speciale vlag hoopt Tûmba debat over mensenrechten te voeden - Friesch Dagblad
  4. Mensenrechtenvlag van Leeuwarder ontwerper wappert volgende maand op plaatsen in heel Nederland - Leeuwarder Courant (lc.nl)
  5. Sinds vandaag is er een mensenrechtenvlag: 'Voor iedereen' | RTL Nieuws
  6. Mysterie: welke vlag wappert er voor het provinciehuis? - indebuurt Groningen
  7. Burgemeester en wethouder hijsen mensenrechtenvlag op Internationale Dag Tegen Racisme & Discriminat - Alphens.nl
  8. Goes gaat slavernijverleden herdenken - Omroep Zeeland