De moerassniehin, sompesniehin of koartwei sniehin (wittenskiplike namme: Lagopus lagopus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e sniehinnen (Lagopus). It ferspriedingsgebiet fan dit bist beslacht it noarden fan Jeraazje en Noard-Amearika. De moerassniehin is de meast foarkommende fan 'e trije soarten sniehinnen. De Skotske sniehin (Lagopus lagopus scotica) is in ûndersoarte dy't foarhinne as in nau besibbe mar selsstannige soarte beskôge waard. De moerassniehin libbet benammen yn bjirkebosken, op heide en op 'e toendra, en kriget hjerstmis by it ferfearjen foar de doer fan it winterhealjier in wyt fearrekleed. Der bestiet oansjenlike seksuele dimorfy tusken de hoannen en de hinnen. De IUCN klassifisearret de moerassniehin as net bedrige. De moerassniehin is de offisjele steatsfûgel fan Alaska.

moerassniehin

hoanne yn (heal) winterkleed

hin yn simmerkleed
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai sniehinnen (Lagopus)
soarte
Lagopus lagopus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel (en wintergast)
     simmerfûgel
     wintergast

Fersprieding bewurkje seksje

De moerassniehin komt foar yn it noarden fan Jeraazje en Noard-Amearika. It is in simmerfûgel (dy't inkeld komt om te brieden) yn in net alhiel sirkumpolêre bân. Dat gebiet omfettet yn Jeraazje it uterste noarden fan it Skandinavysk Skiereilân en Finlân, it Kolaskiereilân yn Ruslân en it uterste noarden fan Jeropeesk Ruslân en Sibearje fan 'e kust fan 'e Wite See oant yn it Russyske Fiere Easten. Yn Noard-Amearika hearre dêr fierder noch ta: noardlik Alaska en it noarden fan 'e Kanadeeske territoaria Yukon, de Noardwestlike Territoaria en Nûnavût en de noardpunt fan 'e Kanadeeske provinsje Kebek.

 
In hin fan 'e moerassniehin yn simmerkleed.

Yn in oer it algemien folle bredere bân súdlik dêrfan is de moerassniehin in stânfûgel (dy't it hiele jier rûn bliuwt). Dêrby giet it yn Noard-Amearika om sintraal en súdlik Alaska, it diel fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia bewesten de Rocky Mountains, it suden fan 'e Yukon, de Noardwestlike Territoaria en Nûnavût, it uterste noarden fan 'e provinsjes Manitoba en Ontario, it sintrale diel fan Kebek, de regio Labrador yn 'e provinsje Nijfûnlân en Labrador en de súdlike helte fan it eilân Nijfûnlân. Op 'e Britske Eilannen giet it om it meastepart fan it eilân Ierlân, hast hiel Skotlân, noardlik Ingelân oant en mei it Penninysk Berchtme, de heechlannen fan Wales en de heiden fan Devon. Op it fêstelân fan Jeraazje giet it om súdlik en sintraal Noarwegen, sintraal en noardlik Sweden, it meastepart fan Finlân en it Baltikum, de noardlike helte fan Wyt-Ruslân, it noarden en sintrale diel fan Jeropeesk Ruslân, frijwol hiel Sibearje (it Kamtsjatkaskiereilân en it eilân Sachalin ynbegrepen), noardlik Kazachstan, westlik Mongoalje en it uterste noarden fan Sinkiang-Oeigoerje en Mantsjoerije dat dielen fan Sina binne.

Yn Kanada sit oan 'e eastkant fan 'e Rocky Mountains súdlik fan 'e stânfûgelbân noch in bân dêr't de moerassniehin inkeld foarkomt as wintergast, mar yn Jeraazje komt sa'n gebiet net foar.

Uterlike skaaimerken bewurkje seksje

De moerassniehin is in middelgrutte, op 'e grûn libjende fûgel mei trochinoar in kop-sturtlingte fan 35–44 sm, in wjukspanne fan 60–65 sm en in gewicht fan 430–810 gram. De hoannen en de hinnen ûntrinne inoar kwa grutte net safolle. De hals is frij lang, de snaffel breed en relatyf koart, de sturt ridlik koart en rûn en de poaten koart en befearre. Nei dy befearre poaten ferwiist de wittenskiplike namme lagopus: dat is in gearstalling fan twa Aldgrykske wurden: λαγως, lagos (dat "hazze" of "knyn" betsjut) en πους, pous ("poat").

Simmerdeis is it fearrekleed fan 'e hoannen moarmere brún fan kleur. Op 'e hals en it boarst skynt dat brún út 'en readens. Fierders is de sturt swart en de bealch en de ûnderkant fan 'e wjukken binne wyt. Boppe elts each hat de hoanne in lytse healrûne kaam sitten, dy't wol wat op in wynbrau liket. Yn 'e peartiid wurde de kammen fel read om mei te pronkjen. De hin is simmerdeis frij gelikens fan uterlik, mar mei brune fearren trocht it wyt op 'e bealch hinne. De eachkammen binne by hinnen folle lytser en ek yn 'e peartiid bliuwe se brún en ûnopfallend. Hjerstmis by it ferfearjen wurde by beide geslachten de fearren op 'e rêch, de boppekant fan 'e wjukken, yn 'e nekke, op 'e hals en it boarst foar it winterhealjier wyt. Ek de beide sintrale sturtfearren wurde wyt, mar de rest fan 'e sturt bliuwt swart.

 
De befearre poat fan in moerassniehin.

De moerassniehin kin ûnderskaat wurde fan 'e nau besibbe Alpensniehin (Lagopus muta) en wytsturtsniehin (Lagopus leucura) trochdat er in slach grutter is, mei in grouwere snaffel. Ek komt de moerassniehin, oars as de Alpensniehin en de wytsturtsniehin, yn berchtmen ornaris net foar boppe de beamgrins. De Skotske sniehin (Lagopus lagopus scotica) is in ûndersoarte fan 'e moerassniehin dy't foarhinne faak as in selsstannige soarte beskôge waard. Dit bist wykt fan 'e moerassniehin ôf troch in readbrún fearrekleed oer it hiele lichem, útsein de poaten, dy't wyt befearre binne.

Biotoop bewurkje seksje

Moerassniehinnen bewenje benammentlik supalpine en subpolêre biotopen dy't krap begroeid binne mei bosken besteande út bjirken, wylgen, elzen en dinnen, of oars heidelânskippen, skraach begroeide berchskeanten en toendra.

 
In aai fan 'e moerassniehin.

Hâlden en dragen bewurkje seksje

De hoannen fan 'e moerassniehin fêstigje by 't maityd territoaria dy't se op agressive wize ferdigenje tsjin soartgenoaten. Foar de hinnen pronkje se troch mei ophefte kop, útsette waaiersturt en opsette fearren te paradearjen. Ek fiere se loftmaneuvers út om yndruk te meitsjen. De hin is dejinge dy't de partner útkiest. Nei de pearing leit se yn in nêst op 'e grûn 6–10 aaien. It nêst is yn 'e regel net mear as in ûndjip dobke yn 'e grûn, dat lykwols ferskûle sit tusken opgeande begroeiïng. De briedtiid duorret 21–23 dagen.

In lytse minderheid fan 'e moerassniehoannen is polygyn (pearet mei ferskate hinnen) en sjocht net nei syn partners of neiteam om. De grutte mearderheid is lykwols monogaam en docht war om yn 'e briedtiid sawol syn partner as it nêst te ferdigenjen. Hoewol't by de measte oare soarten rûchpoathinnen it wyfke der by it grutbringen fan 'e piken allinnich foar stiet, helpt de moerassniehoanne ek by it fuorjen en ferdigenjen fan 'e piken. As de hin wat oerkomt, nimt er de soarch foar de piken hielendal oer.

By de ferdigening fan harren nêst en piken hawwe moerassniehinnen twa strategyen: it mei in dûkflecht út 'e loft wei oanfallen fan it rôfdier, en it fuortlokjen fan it rôfdier troch te bearen dat se in brutsen wjuk hawwe. Nettsjinstande alle ynspannings fan 'e âlderfûgels hellet mar 35% fan 'e piken de leeftyd fan 11 moannen en noch minder berikke folwoeksenens. Tsjin septimber foarmje de hinnen mei de piken fan dat jier groepen wêryn't se út it briedgebiet yn it uterste noarden nei (justjes) súdliker kontreien fleane om 'e winter troch te bringen. Hoannen foarmje ek groepen, mar oerwinterje tichter by it briedgebiet. Yn berchlân sakje hinnen en piken ôf nei legere hichte, wylst de hoannen ornaris boppe yn 'e bergen bliuwe.

Fretten bewurkje seksje

As pyk en adolesint fret de moerassniehin ek wol ynsekten, mar it meastepart fan syn libben is er in herbivoar. Hy fret dan beien, blommen, blêden, knoppen, twigen en sied. It menu fan 'e moerassniehin bliuwt simmers en winters frijwol gelyk. Der moat al in ûngewoan tsjûk snietek lizze as dizze fûgel net mear by syn gebrûklike iten komme kin.

 
In moerassniehin yn winterkleed yn it Nasjonaal Faunareservaat Kenai yn Alaska.
 
In yninoar dûkte moerassniehin yn simmerkleed yn it Nasjonaal Park Denali yn Alaska.

Status bewurkje seksje

De moerassniehin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten bewurkje seksje

Der binne 16 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e moerassniehin (Lagopus lagopus):

De Skotske sniehin (L. l. scotica) waard foarhinne rûnom beskôge as in selsstannige soarte, mar wurdt tsjintwurdich oer it algemien beskôge as in ûndersoarte fan 'e moerassniehin.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.