Monique van de Ven

Monica Maria Theresia van de Ven (Zeeland (Noard-Brabân), 28 july 1952) is ien fan de bekendste Nederlânske filmaktrises fan de jierren santich, 80 en 90 fan de 20e iuw. Se is ek te sjen op de telefyzje en yn de reklamespotsjes fan FBTO.

Monique van de Ven (2018)
Monique van de Ven yn 1973
Ynterview Monique van de Ven op Skiphol oer har ambassadeurwêzen by UNICEF

Biografy bewurkje seksje

Monique van de Ven waard berne yn it Brabânske Zeeland en groeide op in Rijswijk. Se folge ien jier de Toanielskoalle yn Maastricht en waard dêr yn 1971 weihelle foar har filmdebút yn Turks Fruit.

Van de Ven wie 17 jier troud mei kameraman Jan de Bont, mei wa't se fanôf midden jierren santich oant 1987 yn Los Angeles wenne. Se is letter troud mei akteur/senarioskriuwer Edwin de Vries, dy't se moete by de opnames foar Een Maand Later (1987).

Hja krige twaris in Gouden Keal, yn 1985 foar har hiel oeuvre en tsien jier letter foar har optreden yn de film Romeo. Yn 1999 waard se útroppen ta Nederlânsk aktrise fan de iuw.

Mei de ferfilming fan it boek Zomerhitte fan Jan Wolkers makket se yn it foarjer fan 2008 har foarneamste rezjydebút. Yn 1996 hie hja al in koarte film regissearre; Mama's Proefkonijn.

Yn jannewaris 2012 begûn Omrop MAX mei de telefyzjesearje Dokter Deen, dy't spilet op Flylân dêr't it pear De Vries-Van de Ven in hûs hat. Sy betochten tegearre de searje nei oanlieding fan besteande ferhalen fan dokter Deen, âld-hûsdokter op Flylân.

Njonken aktrise is Monique van de Ven sûnt 1996 ambassadeur foar Unicef Nederlân.

Yn 1993 krige Monique in soan, Sammie.

Famylje bewurkje seksje

Monique van de Ven har pake Jos van de Ven wie boargemaster fan Zeeland (Noard-Brabân).

Filmografy bewurkje seksje

Rezjy bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Monique van de Ven fan Wikimedia Commons.