Museum foar Ljochtkeunst

It Museum foar Ljochtkeunst, oprjochte yn 2001, is fêstige yn it Dútske stedsje Unna, yn Noardryn-Westfalen.

Unna is fanâlds bekend om syn swiere yndustry. No is it ien fan de bjusterbaarlike hichtepunt fan it Ruhrgebiet als kulturele haadstêd fan Europa. It hjit it Zentrum für Internationale Lichtkunst en is te finen op sa'n 10 meter ûnder it hjoeddeiske gemeentehûs fan Unna. Yn in âlde bierbrouwerij fan Linden yn noardwest-Dútslân toane tolve fan de meast ynternasjoaal bekende keunstners harren wurk. Yn de eardere kuolkelders wurdt innovative keunst toand yn in wikseljende gearstalling. De donkere kelders foarmje in mysterieuze eftergrûn. Yn de labyrintyske romtes toane keunstners as James Turrell en Joseph Kosuth harren keunstljocht.Elke keamer docht in berop op de sintugen op in oare wize, itsij troch ljocht, itsij troch sketterjende neonljochten, stroboskoopljocht, skaden of wetter.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: