De muskusokseftigen (wittenskiplike namme: Ovibovini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae) en de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae).

Muskusokseftigen
In muskusokse (Ovibos moschatus).
In muskusokse (Ovibos moschatus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: geiteftigen (Caprinae)
tûke muskusokseftigen (Ovibovini)
Gill, 1872

De wittenskiplike namme fan dizze groep kombinearret de Latynske oantsjuttings foar skiep (Ovis) en kobisten (Bovinae) mei de útgong op -ini dy't oanjout dat it om in taksonomyske tûke giet, en kin dus oerset as "skieppekij". De muskusokseftigen kinne fierder opdield wurde yn twa ûnderskate skaaien, te witten de gnoegeiten of takins (Budorcas) en de muskusoksen (Ovibos). Beide neamde skaaien binne monotypysk, wat betsjut dat se mar út ien inkele soarte besteane.

Tûke-opbou bewurkje seksje

  • tûke muskusokseftigen (Ovibovini)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.