Nasjonaal Glêsmuseum

It Nasjonaal Glêsmuseum yn Leardaam, oprjochte yn 1953, beheart in fariëarre samling ambachtskeunst yn glês, sawol op it mêd fan gebrûksglês as op it gebiet fan sier- en keunstglês.

Foarkant Nasjonaal Glêsmuseum
Efterkant en tún Nasjonaal Glêsmuseum

De kolleksje glês, oarspronklik samle troch Cochius, is yn de rin fan de tiid útwreide mei talleaze dielkolleksjes, dêr't it museum no in represintatyf byld troch jaan kin fan de ûntwikkeling fan de Nederlânske foarmjouwing en byldzjende keunst yn glês fan ± 1880 oant no. De kolleksje bestiet foar in wichtich part út keunstniverheidsprodukten fan it Glêsfabryk Leardaam.

Neist Leardaamglês binne yn de kolleksje inkele representative kearnen fan glês fan oare produsinten fan kristal yn Nederlân fertsjintwurdige, ûnder oare fan Glêshûs Muller te Amsterdam en fan de Kristaluny Maastricht, dy't benammen yn it ynterbellum aktyf wiene. Op it mêd fan it moderne Nederlânske glês besit it museum in like represintative samling hjoeddeisk (benammen) Nederlânsk Studioglês, dêr't de pioniers út de jierren sechtich en santich yn fertsjintwurdige binne oant in hjoeddeiske generaasje dy't foar in grut part ôfstudearre oan de autonome glêsôfdieling fan de Gerrit Rietveld Akademy te Amsterdam. De totale kolleksje beslacht sa'n 7500 objekten en is dêrmei fierút de grutste en meast komplete fan Nederlân op it mêd fan 20e-iuwske ambachtskeunst yn glês.

Kennissintrum bewurkje seksje

It Nasjonaal Glêsmuseum wurdt, troch in breed publyk én troch museale ynstellingen, beskôge as de autoriteit op it mêd fan Leardaamglês en Nederlânsk glês fan ± 1850 oant no. It wurdt hjirby faak benadere om ynformaasje te jaan oer glês yn it algemien en oer de kolleksje yn it bysûnder. It museum dokumintearret dêrta de kolleksje en leit systematysk en struktureel gegevens fêst oer de objekten yn de museumkolleksje, dat dy gegevens oan in sa grut mooglike groep beskikber steld wurde kinne.

Los fan de kolleksje glês beheart it Nasjonaal Glêsmuseum in argyf, mei dêryn in grut oantal spesjalistyske publikaasjes oangeande keunstniverheid, glês, glêsfabrikaazje ensfh. Al is de kolleksje noch net kompleet, dochs binne in soad fan de publikaasjes frijwat seldsum. It museum hat ek in unike en seldsum komplete kolleksje (ferkeaap)katalogussen fan de Nederlânske glêsfabriken (fan it glêsfabryk Leeardaam mar ek fan de Kristaluny Maastricht). Ek beheart it museum in knipselargyf fan it Glêsfabryk Leardaam en oar útsûnderlik argyfmateriaal, lykas reklamemateriaal en byldmateriaal, orizjinele ûntwerptekeningen en briefwikselingen. Dy kolleksje is fan bysûndere kulturele wearde. Yn it ferline hawwe ferskate auteurs bewezen op basis fan dy ynformaasje in libben byld sketse te kinnen fan de ûntwikkeling fan de foarmjouwingsskiednis fan glês.

Keppeling om utens bewurkje seksje