Nederlânsk Ferbûn fan Fakferieningen

It Nederlânsk Ferbûn fan Fakferieningen (Nederlands Verbond van Vakverenigingen, NVV) wie in faksintrale, dy't 1 jannewaris 1906 oprjochte waard troch fyftjin fakbûnen. It NVV gie 1977 tegearre mei it NKV op yn de FNV.

Ledetallen, 1909-1930

It NVV wie part fan de sosjalistyske pylder. De oprjochting fan de NVV is fuortkommen út de spoarstakingen fan 1903. Earste foarsitter wie Henri Polak, teffens foarsitter fan de Algemiene Nederlânske Diamantbewurkersbûn. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de NVV foar trije jier opheft en waarden de besittingen en fermogens oernaam troch de nije fakbeweging Nederlands Arbeidsfront, dy't neffens Dútsk model opset wie. Henk Woudenberg, dy't fan 1940 oant 1942 foarsitter fan de NVV wie, krige de lieding oer it Nederlânsk Arbeidsfront.

Foarsitters NVV bewurkje seksje

  Perioade   Foto Foarsitter Opmerkingen
1906-1909   Henri Polak
1909-1918   Jan Oudegeest
1918-1928 Roelof Stenhuis
1928-1940 Evert Kupers
1940-1942 Henk Woudenberg
1945-1949 Evert Kuipers
1949-1956 Henk Oosterhuis
1956-1959 Kees van Wingerden
1959-1965 Derk Roemers
1965-1971   André Kloos
1971-1972   Harry ter Heide
1972-1976   Wim Kok wie oant 1986 foarsitter fan de Federaasje Nederlânske Fakbeweging (FNV)