Nederland (Oerisel)

Nederland is in buorskip yn de gemeente Stienwikerlân yn de Kop fan Oerisel yn de provinsje Oerisel, Nederlân. It hat in befolking fan sa'n 15 persoanen.

Nederland (Oerisel)
Sicht op Nederland
Sicht op Nederland
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Oerisel
gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal 15[1]
Oar
Postkoade 8362
Koördinaten 52° 45' NB, 5° 58' EL
Kaart
Nederland (Oerisel)
Nederland

It plakje waard foar it earst neamd tusken 1830 en 1855 as 't Nederland, en betsjut "leechlân". Nederland hat in statistyske yngong, en in eigen postkoade. Oarspronklik wie it plakje allinnich mei de boat te berikken. Yn 1840 wennen dêr 182 minsken en wie it in feanôfgravingsdoarp .

Omkriten bewurkje seksje

De buorskip leit yn it Nasjonaal Park Weerribben-Wieden, net fier fan it stedsje Bloksyl, tichtby de N333 tusken Stienwyk en Marknesse. In pear oare plakken yn de buert binne Baarlo, Kalenberg, Muggenbeet, Scheerwolde en Wetering.

It plakje leit oan kuier-, fyts- en kanorûtes en is as der natueriis leit ek by reedriders populêr. Sawol it Suderseepaad as it Oeriselsk Havezatepaad komt bygelyks troch Nederland.

Der rint ien wei troch Nederland, dy't yn it gehucht fan namme feroaret: Veldhuisweg wurdt Rietweg. Fierder is der in splitsing fan twa wetterwegen: de Heer van Diezenvaart (rjochting Kalenberg) en de Roomsloot (rjochting Bloksyl ).

Yn de media bewurkje seksje

  • It Nederlânske bierbedriuw Bavaria hat Nederland yn in reklamespotsje brûkt. Yn de kommersje jouwe twa manlju bier fuort yn it buorskip. It einiget mei (yn oersetting): Beieren, yn hiel Nederland populêr.
  • Fanwegen de komyske wearde fan it toponym wurde ferkearsbuorden mei de namme 'Nederland' gauris stellen.
  • TPG Post brocht yn 2005 postsegels út mei de buorskip as ûnderwerp.
 
Nederland

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Stienwikerlân
 
Stêden:
FollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamBloksylEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
wizigje