Nedersaksen (Dútsk: Niedersachsen), ek wol Leechsaksen, is in Dútske dielsteat, yn it noardwesten fan Dútslân. Nedersaksen hat likernôch 8 miljoen ynwenners, en hat in oerflak fan 47.600 km². De Eastfryske eilannen hearre ek by Nedersaksen.

Nedersaksen
Flagge Wapen
Flagge fan Nedersaksen Wapen fan Nedersaksen
Lokaasje yn Dútslân
Nedersaksen
Basisgegevens
Lân Dútslân
Haadstêd Hannover
Oerflakte 47.618,24 km²
Befolking 7.993.608 ((31 desimber 2019))
Befolkingstichtens 168 ynw./km²
Distrikten
Kaart fan de Kreise (lânkringen) yn Nedersaksen

Geografy bewurkje seksje

Nedersaksen grinzet oan de Noardsee, de dielsteaten Sleeswyk-Holstein, Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren, Brandenburch, Saksen-Anhalt, Tueringen, Hessen en Noardryn-Westfalen en oan Nederlân.

Skiednis bewurkje seksje

It lân is neamd nei de eardere bewenners, de Saksen. Dy ha tegearre mei de Sjauken it lân bewenne oant de 1e iuw nei Kristus. Fan de earste iuw ôf ha de Saksen harren wengebiet oer it hjoeddeistige Nedersaksen útwreide en fier dêr bûten.

Nedersaksen is stifte nei de Twadde Wrâldkriich, yn 1946, nei't it in part fan 'e Britske besettingssône waard. It waard gearstald út Hannover, sûnt de oarloch wer in aparte Dútske steat, en de frijsteaten Aldenburch, Breunswyk en Schaumburg-Lippe. Yn 1949 trêde it nije Nedersaksen as dielsteat ta de Bûnsrepublyk Dútslân ta.

Nei in referindum waard yn 1993 it histoarysk ta Hannover rekkene Amt Neuhaus en in part fan de gemeente Garlitz fan Meklenburch-Foarpommeren ôfskieden en by Nedersaksen foege.

Fan 1978 ôf wie de dielsteat yndield yn fjouwer administrative regio's, Regierungsbezirke:

  • Braunschweig
  • Hannover
  • Lüneburg
  • Weser-Ems

Yn 2004 binne dy Regierungsbezirke lykwols wer ôfskaft.

Taal bewurkje seksje

Yn de dielsteat Nedersaksen binne it Sealterfrysk en it Dútsk de erkende talen. As wichtichste dialekten wurde yn Nedersaksen dialekten fan it Platdútsk praat, benammen it Eastfrysk Plat.

Yndieling bewurkje seksje

De haadstêd is Hannover. De steat is, dy haadstêdregio meiteld, opdield yn 38 distrikten en 8 stêden:

Distrikten:

  1. Aldenboarch
  2. Ammerland
  3. Auwerk
  4. Bentheim
  5. Celle
  6. Cuxhaven
  7. Diepholz
  8. Fryslân
  9. Gifhorn
  10. Goslar
  11. Göttingen
  12. Hameln-Pyrmont
  13. Regio Hannover
  1. Harburg
  2. Helmstedt
  3. Hildesheim
  4. Holzminden
  5. Iemslân
  6. Kloppenboarch
  7. Lier
  8. Lüchow-Dannenberg
  9. Lüneburg
  10. Nienburg
  11. Northeim
  12. Osnabrück
  13. Osterholz
  1. Peine
  2. Rotenburg
  3. Schaumburg
  4. Soltau-Fallingbostel
  5. Stade
  6. Uelzen
  7. Vechta
  8. Verden
  9. Wesermarsch
  10. Wittmund
  11. Wolfenbüttel

Stêden:

Oare wichtige plakken binne Göttingen, Hildesheim en Goslar.

Minister-presidinten bewurkje seksje

It wapen bewurkje seksje

 
It Sachsenross

It wapen fan Nedersaksen is in wyt hynder mei in reade eftergrûn. Dit Sachsenross is in âld symboal fan 'e Saksen. De earste bekende ferzje is fan 1361, doe't de Welfen it brûkten as symboal fan harren bân mei Saksen, mar dêrút kin ôflaat wurde dat it as symboal foar de Saksen noch âlder west hawwe moat. It wie eartiids mear in regionaal symboal en wie oars foar de adel net wichtich. Sa waard it mear beskôge as in symboal foar it lân en syn minsken, ynstee fan in symboal foar de hearskjende famylje, de Welfen, dy't sels ornaris liuwen op harren wapens hienen. Sa kaam it wapen mei it Sachsenross ta in regionaal identiteitssymboal, dat hjoed de dei noch hieltyd populêr is ûnder de ynwenners fan Nedersaksen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

 
Nedersaksen
 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

 
Dútslân
 
Baden-Wuertemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlân-Palts - Saarlân - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Tueringen