Neil Alden Armstrong (Wapakoneta (Ohio), 5 augustus 1930 - Kolumbus (Ohio), 25 augustus 2012[1]) is in earder Amerikaansk testpiloat en astronaut. Hy sette op 21 july 1969 om 02.56.20 oere (UTC) as earste minsk foet op de moanne.

Neil Armstrong yn 1969
Neil Armstrong op de moanne op moannelanner Eagle, koart nei de moannekuier

Piloat bewurkje seksje

Armstrong hat tsjinne yn de Koreaanske Oarloch as gefjochtspiloat foar de U.S. Navy (Marine). Hy studearre oan de Purdue-universiteit en helle it diploma fan loftfeartkundich yngenieur yn 1955. Letter waard hy testpiloat foar de National Aeronautics and Space Administration en bestjoerde sân kear it X-15-fleantúch, dat it snelheidsrekord yn de loft fêstige en oant 70 kilometer hichte kaam. Yn 1962 waard hy troch de NASA selektearre as astronaut.

Gemini-projekt bewurkje seksje

Hy wie de kommandant fan de Gemini 8-missy, dy't yn 1966 as earste in keppeling tusken twa romtefartugen bewurkmastere. Hy wie ek de kommandant fan it ferfangingsteam foar de Apollo 8-missy.

Hy ûntsnapte yn 1968 krekt oan de dea by in trening foar de moannelâning.

Apollo-projekt bewurkje seksje

Yn 1969 wie hy de kommandant fan de Apollo 11-missy dy't foar it earst besocht om op de Moanne te lânjen. Op de eigenltlike missy nom hy twa minuten en 21 sekonden foar de lâning de bestjoering oer fan de moannelâningsmodule Eagle omdat de automatyske lâning drige yn in gebiet mei in soad lytse kraters en "rotsblokken sa grut as folksweinen", en sette him del yn in flak gebiet, inkele hûnderten meters fierder.[2] In pear oeren letter stapte hy út de moannelâner.

Earste wurden op de moanne bewurkje seksje

Doe't hy de earste foet op de moanneboaiem sette, sei er:

"That's one small step for a man, one giant leap for mankind."

De 'a' yn "for a man" waard lykwols tige koart útsprutsen, en troch de minne kwaliteit fan de lûdsferbining waard de sin wrâldferneamd as "That's one small step for man, one giant leap for mankind." Semantysk sjoen is dat in minder sterke sin, om't man dan hast deselde betsjutting hat as mankind. Sels bewearde Armstrong dat hy de 'a' wiswol útsprutsen hie. In analyze mei moderne kompjûtertechniken fan de betreffende lûdsopnamen jouwe himme hjiryn gelyk: hy hat de 'a' wól útsprutsen. [3] Dochs giet de kontroverse troch meidat net elk elkenien it iens is mei de konklúzje fan it neamde ûndersyk. [4]

Harkje yn Ogg Vorbis nei de orizjinele wurden: That's one small step for [a] man, one giant leap for mankind

Heechlearaar bewurkje seksje

Yn 1970 ferliet Armstrong de NASA. Hy waard heechlearaar loftfeart- en romtefearttechnyk oan de Universiteit fan Cincinnati en kocht yn it tichtbylizzende Lebanon in pleats mei 40 hektare grûn dêr't yn dieltiid op buorke.

Yn Nederlân bewurkje seksje

Neil Amstrong wie op 18 novimber 2010 yn Nederlân[5] dêr't hy in speech[6][7] hold by de Science & Technology Summit yn it World Forum yn De Haach en dêr't hy foar de gek sei dat hy him (80 jier âld) noch beskikber stelde as kommandant foar in missy nei Mars.[8]

Trivia bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) NOS.nl 25-8-2012 Neil Armstrong overleden
  2. Apollo 11 Lunar Surface Journal
  3. Hear what Neil Armstrong really said on the moon, Houston Chronicle
  4. http://history.nasa.gov/alsj/a11/a11.step.html
  5. Neil Armstrong in Den Haag, NU.nl, 17 novimber 2010
  6. Neil Armstrong in Den Haag op YouTube, diel 1
  7. Neil Armstrong in Den Haag op YouTube, diel 2
  8. Neil Armstrong wil nog best naar Mars, NU.nl, 18 novimber 2010