Nicolaas Molenaar

Nicolaas Molenaar sr. (Snits, 30 july 1850 - De Haach, 30 desimber 1930) wie in Nederlânsk arsjitekt.

De Bonaventuratsjerke yn Woerden
De Sint-Willibrordustsjerke op De Lemmer

Koarte biografy bewurkje seksje

Nicolaas Molenaar wie in soan fan Petrus Molenaar en Johanna van der Steele. Hy troude op 3 novimber 1875 mei Maria van der Werf. Syn heit wie timmerman-oannimmer fan de Sint-Martinuskerk (1872) te Snits, in ûntwerp fan Pierre Cuypers. Nicolaas waard mei njoggetjin jier al belutsen by de bou en wurke Under opsichter Cornelis Peters. As learling fan Cuypers wie Molenaar opsichter by de bou fan ferskate tsjerken; hy ferfarde nei Den Haach. Dêr arbeide er tsien jier yn rykstsjinst, wêrnei't er foar himsels begûn. Hy ûntwurp ferskeidene tsjerkegebouwen fanwegen deo Jezuïte-oarder. Nei de bou fan it Canisiuskolleezje yn Nymwegen krige er om ûnbekende redenen gjin opdrachten mear fan dy tsjerke-oarder. Dêrnei waard de kwaliteit fan syn wurk inkelde jierren troch ek minder. Dy perioade duorre fan 1898 oant likernôch 1905.

Molenaar syn neogoatyske tsjerken litte de ynfloed sjen fan ûnder oaren Alfred Tepe. Molenaar krige yn 1928 in beroerte en stoar twa jier letter.

Syn soan Nicolaas F.A. Molenaar (Nicolaas jr.) begûn syn oplieding by syn heit.

Bekende bouwurken bewurkje seksje

  • Bonaventuratsjerke - Woerden (1892)
  • O.L. Vrouw Onbevlekt Ontvangenkerk - Den Haach (1892)
  • Sint-Jeroenstsjerke - Noardwyk (1894)
  • Molenstraattsjerke - Nymwegen (1896)
  • St. Willibrordustsjerke - Alde Pekela (1896)
  • Canisiuscollege - Nymwegen (1900)
  • Engelbewaarderskerk -Den Haach (1915)
  • Sint Antonius Sikehûs - Snits (1903)

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nicolaas Molenaar fan Wikimedia Commons.