Nicolaus Knüpfer

Nicolaus Knüpfer (Leipzig, ± 1609 - Utert, oktober 1655) wie in Nederlânsk keunstskilder fan Dútsk komôf.

Selsportret
gravuere fan Pieter de Jode II
Bordeelsêne
Portret fan in pearke, dy't harren bern jong ferlern hawwe.

Libben bewurkje seksje

Knüpfer krige syn oplieding yn Leipzig by Emanuel Nysen[1]. Dan ferhûzet er nei Maagdenburch dêr't er kwasten makket foar keunstskilders, mar ferhûze letter nei Utert om by Abraham Bloemaert te arbeidzjen. Letter waard er selsstannich skilder yn Utert.

Hy die mei oan it dekorearjen fan it kastiel Kronborg yn Denemark, en skildere figuerkes yn de lânskippen fan Jan Both en Jan Baptist Weenix. Knüpfer wie in súksefolle en djoere learaar, dy't ûnder oaren letter grut wurden skilders as Jan Steen en Gabriel Metsu ta syn learlingen rekkenje koe.

Wurk bewurkje seksje

Knüpfer skildere behindige skilderijkes mei bibelske, literêre en mytologyske sênes, mar ek alledeiske sjenretafrelen. Syn figueren binne faak yn ienfâldige hâldingen werjûn en skildere mei flotte streken en wite aksinten.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nicolaes Knufter biography in De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen (1718) troch Arnold Houbraken (DBNL).