Nieuwleusen (Nedersaksysk: Ni'jlusen) is in plak en eardere gemeente yn Oerisel, it doarp hat 9.515 ynwenners (2024). By de gemeentlike weryndieling fan 2001 is it grutste part fan de gemeente Nieuwleusen by de gemeente Dalfsen foege. In oar part is by de gemeente Swol foege.

Nieuwleusen
Hulsterplasse (2006)
Hulsterplasse (2006)
Emblemen
                 
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Dalfsen
Sifers
Ynwennertal 9.515 (2023) [1]
Oerflak 27,94 km²
dêrfan lân: 27,7 km²
dêrfan wetter: 0,23 km²
Befolkingsticht. 341 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N758, N377
Postkoade 7711
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 35' NB, 6° 17' EL
Offisjele webside
webstee fan it doarp
Kaart
Nieuwleusen (Oerisel)
Nieuwleusen

Skiednis bewurkje seksje

Nieuwleusen is ûntstien yn de earste helte fan de santjinde iuw. It gebiet tusken de Fecht en de Reest, fan Coevorden oant Hasselt, bestie yn dy tiid benammen út ûntagonklik moerasgebiet. It heechfean lei op deksân en waard nei it suden ta hieltyd tinner. It gebiet dêr't Nieuwleusen no leit, hjitte it "Ommer moer" (Ommer feanmoeras). It doarp Nieuwleusen leit op in sânrêch dy't eartiids boppe it heechfean útstuts.

De Leussener Compagnie bewurkje seksje

Op 8 jannewaris 1631 waard de Leussener Compagnie oprjochte troch bewenners fan Swol en Kampen om it benammen út heechfeanmoerassen besteande gebiet benoarden Leusen, eigendom fan de Marke fan Leusen, te ûntginnen. De ûntginning is foaral dien troch pioniers út Leusen. De earste pleatsen fan de nije delsetting stiene oan "Het Pad", de hjoeddeiske dyk "Oosterveen". Sadwaande krige de delsetting de namme Oosterveen, lykas oanjûn op betide kaarten. Doe’t ienkear de namme Nieuwleusen yn gebrûk nommen waard, krige it oarspronklike doarp Leusen de namme Oudleusen.

De gemeente Nieuwleusen bewurkje seksje

Oan it begjin fan de achttjinde iuw foarme Nieuwleusen ien gemeente mei de buorskip Avereest. Op 1 july 1818 waarden de gemeentlike budzjetten skieden en waard Nieuwleusen in selsstannige gemeente. Oant 1833 wie der lykwols noch in personele unie en in dielde boargemaster mei Avereest.

Yn 1899 krige Nieuwleusen in gemeentewapen. Krekt as by oare gemeenten wie de reden fan de oanfraach de bou fan de nije gearkomsteseal fan Provinsjale Steaten fan Oerisel. It wapen is gearstald út de wapens fan Dalfsen en Zwollerkerspel, omdat de Marke van Leusen ûnderdiel wie fan Dalfsen en in part fan de gemeente Zwollerkerspel by de gemeente Nieuwleusen belutsen wie. It ûnderste part fan it wapen symbolisearre de lânbou. Yn 1954 waard oan it gemeentewapen in kroan tafoege. De gemeente Nieuwleusen bestie oant 31 desimber 2000. It eardere gemeentewapen is no it offisjele "doarpswapen".

De Rollecate bewurkje seksje

Yn 1913 waard yn Den Hulst doedestiids noch in buorskip fan Nieuwleusen de earste ryksoplieding foar leararessen yn de lânbouhúshâldkunde iepene, "De Rollecate". Mr. W.J. baron van Dedem (1853 -1922) hie it rintmastershûs op syn lângoed mei deselde namme beskikber steld om dizze oplieding mooglik te meitsjen. It hûs "De Rollecate" wie om 1654-1655 hinne boud yn Vollenhove, mar yn 1821 troch in Van Dedem ôfbrutsen en yn Den Hulst oan de Dedemsfeart wer opboud. De oplieding stie ûnder lieding fan de dochter fan Theda Wilhelmina Scheltje Mansholt (1879 -1956 ), muoike fan Sicco Mansholt en âldmuoike fan de reedrydster Gretha Smit. Hja wie de wichtichste inisjatyfnimster foar ûnderwiis fan plattelânsfroulju yn de húshâlding, lânbou en túnkerij. Yn 1930 ferhuze de oplieding nei Dimter en waard it hûs "De Rollecate" ôfbrutsen, it rintmastershûs dêr't de lânbouhúshâldskoalle fêstige wie is noch altyd oanwêzig.[2]

Hjoed de dei hjit it yndustryterrein noardlik fan Nieuwleusen De Rollecate. Ek de Rollecaterbrêge oer it spoar nei Grins/Ljouwert is neamt nei it eardere bûten.

Union bewurkje seksje

Yn 1904 kaam yn Den Hulst de fytsehannel fan de bruorren Van den Berg, hokker is útgroeid ta it fytsefabryk Union, dy't in wichtige rol spile hat foar de wurkgelegenheid yn Nieuwleusen. Op 10 juny 1976 gie by in brân it âlde Uniongebou ferlern. It magazyn fan it fabryk bleau sparre by dizze brân is hjoed de dei in gemeentlik monumint[3]. Yn de lêste desennia fan har bestean koe Union in lange rige finansjele en bestjoerlike problemen. Yn 2001 gie it bedriuw fallyt en kaam ûnder kuratele. Twa jier letter waard de fabrikaazje ferpleatst nei in bedriuwshal op it yndustryterrein De Grift. Yn 2005 is Union ferkocht oan Dutch Bicycle Group yn Skiedam, it feitlike ein fan it bedriuw. Allinnich de produksje bleau mei in trijejierrich foarearst yn Nieuwleusen. De eardere fabrykshal fan Union waard dêrnei brûkt troch meardere bedriuwen. Yn 2009 gie ek dit gebou gie by in ferwoastjende brân yn flammen op.

Lizzing bewurkje seksje

Nieuwleusen oan de N377 (Hasselt - Coevorden) en de N758 (Swol - Nieuwleusen), yn de provinsje Oerisel súdwestlik fan Staphorst, westlik fan Balkbrug, en súdlik leit it doarp Dalfsen. Westlik fan Nieuwleusen leit de stêd Hasselt.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Dalfsen
 
Doarpen:
AnkumDalfsenHoonhorstLemelerveldNieuwleusenOudleusen
Buorskippen:
BroekhuizenDalfserveldDalmsholte (foar in part)De MarshoekDe MeeleEmmenEngelandGernerHessumHoltLentheMataramMillingenOoster-DalfsenOudleusenerveldRechterenRosengaardeRuitenveenSlennebroekStrenkhaarVennenbergWelsum
Eardere doarpen en buorskippen:
Den Hulst
Wetter:
DedemsfeartFechtOeriselsk Kanaal
wizigje