Nils Johan Olsson Blommér, feitlik Nils Jakob Olsson, (12 juny 1816Rome, 1 febrewaris 1853) wie in Sweedsk keunstskilder.

Blommér syn wurkpaad begûn as learling yn Lund; hy eksperimintearre mei portretskilderjen doe't er 20 jier wie. Dat slagge him aardich en yn 1839 hie er genôch jild sparre om nei Stokholm te ferfarren. Dêr naam er de namme Blommér oan en skreau him yn by de Fria konsternas akademi. Nei it winnen fan ferskate prizen fan dy akadeemje krige er yn 1847 in beurs om nei it bûtelân te gean. Hy hâlde in skoft yn Parys ta, mar gie letter nei Itaalje, dêr't er novimber 1852 boaske oan Edla Gustafva Jansson, dy't ek skildere. In pear moanne letter krige er it op it boarst en stoar.

Blommér syn meast ferneamde wurk is grûnfeste op de Noarske mytology en folkloare. Dêr binne Älfdrömmen, Sommarnattsdrömmen, Näcken och Ägirs döttrar, Brage och Iduna, Freja, Loke och Sigyn en Älfvor ûnder.

Gallery bewurkje seksje