Vinita Sandhya (Nita) Strauss (Los Angeles, 7 desimber 1986 is in Amerikaansk gitariste. Nita Strauss is benammen bekend as gitariste fan Alice Cooper. Sûnt july 2022 is se de gitariste by de begeliedingsband fan Demi Lovato.

Nita Strauss
sjonger en/of muzikant
Nita Strauss (2017)
Nita Strauss (2017)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Vinita Sandhya Strauss
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 desimber 1986
berteplak Los Angeles
etnisiteit Eastenryksk
wurkpaad
sjenre Metal,
Hardrock
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 2003-no

Karriêre bewurkje seksje

Nita seit dat se fia har heit ôfstammet fan 'e ferneamde Weenske komponist Johann Strauss.[boarne nedich] Se ferliet yntiids de middelbere skoalle om gitariste te wurden. Se gie earst mei in eigen band op in paad, Lia-Fail. Dêrnei wie se fan 2011 oant en mei 2015 gitariste by de Iron Maiden tributeband The Iron Maidens, in band die folslein út froulju bestie. Yn juny 2014 waard Strauss frege om gitariste Orianthi te ferfangen as de toergitarist fan Alice Cooper foar de oerbliuwende shows fan 2014. Se wie de fêste gitariste fan Alice Cooper oant july 2022. In pear dagen nei har fuortgean út band fan Alice Cooper, sleat Strauss har oan by de begeliedingsband fan Demi Lovato as tourgitarist. Yn 2018 brocht Strauss har earste solo album út Controlled Chaos.

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Singles
Controlled Chaos 16 novimber 2018 Sumerian Pandemonium
The Call of the Void 7 july 2023 Dead Inside, (mei David Draiman)
Summer Storm, (mei Alissa White-Gluz)
The Wolf You Feed,
Winner Takes All (mei Alice Cooper)

As gastmuzikant bewurkje seksje

Single(s) Album Utbrocht yn Mei band
Part of Me Get It Out 2019 Altitudes & Attitude
Hexenkessel Störtebeker 2017 FB1964
The Power of Metal Compels Me Visions of Speed and Thunder 2015 Maxxxwell Carlisle
King with a Paper Crown Volume II: Power Drunk Majesty 2018 Metal Allegiance

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: