Noardsk skyen

(Trochferwiisd fan Noardsk skye)

Noardsk skyen is in sammelnamme foar twa út Skandinaavje ôfkomstige sky dissiplines, nammentlik it skânsspringen en it langlaufen. Typearjend oan it Noardsk skyen is dat de skoech allinne oan de punt oan de sky fêstmakke is en dat de hakke frij bliuwt fan de sky, dat oars as yn it alpineskye dêr't de hiele foet fêst sit oan de sky. As yn in wedstriid beide ûnderdielen oan bar komme, wurdt fan de Noardske kombinaasje sprutsen.

Sjoch ek bewurkje seksje