De Nutekreakers (Nucifraga) is in skaai yn de famylje fan de Kriefûgels.

Nucifraga columbiana

Nuten bewurkje seksje

Nutekreakers ite fral dinnesieden. De snaffel fan de fûgels is foarme om de siden út de dinapels helje te kinnen. Dêr't dy net foarhannen binne wurde lykwols ek spjirresieden en hazzenuten iten.

At der sied oer is, dan wurdt dat troch de Nutekreakers yn gatten de grûn opslein. Sa'n tachtich persent dêrfan fine de fûgels letter sûnder grutte perblemen werom. Ut de oare sieden kinne nije beammen waakse, dat de Nutekreakers hawwe in dúdlike ynfloed by it weromwaaksen fan dinnegebieten.

Nutekreakers binne stânfûgels, mar at der te min iten is kinne hja ta ynvaazjefûgels wurde.

Nest bewurkje seksje

It nêst wurdt ornaris heech yn in nullebeam boud. Dit bart ier yn it jier om't foar it fier fan de jongen de oanleine foarrie sieden brûkt wurde kin. Nei goed trije wike komme de jongen fan it nêst, mar hja bliuwe oant yn de hjerst by de âlden en leare sels sieden te bewarjen.

Klassifikaasje bewurkje seksje

De klassifikaasje fan de Nutekreakers omfiemet mar trije soarten. Ien dêrfan, de Grutstipnutekreaker, wurdt ek wol as in ûndersoarte fan de Nutekreaker sjoen. It skaai hat gjin nammesoarte, Nucifraga nucifraga, mar by de soarte Nucifraga caryocatactes wurdt de namme al werhelle: nucifraga en caryocatactes betsjutte beide nutekreaker.

Sjoch ek bewurkje seksje

Nutekreaker (Nucifraga caryocatactes)