Oeigoeren
(Trochferwiisd fan Oeïgoeren)
De Oeigoeren binne in Turksk folk út it Sineeske autonome gebiet Sinkiang (Xinjiang). Mei sa'n 8,82 miljoen (2003) minsken foarmje de Oeigoeren 45 % fan de befolking fan dit gebiet. Harren taal, it Oeigoersk, heart ta de Turkske talen.
Unôfhinklik bewurkje seksje
In oersicht fan de ferskillende ûnôfhinklike Oeigoerske kanaten en republiken troch de iuwen:
Perioade | Oeigoerske kanaten/republiken | Haadstêd |
---|---|---|
745 - 840 | Orhun-Kanaat | Karabalgasun |
870 - 1036 | Kansoe-Kanaat (no provinsje Gansu yn Sina) | - |
850 - 1275 | Idikut-Kanaat (grutte dielen fan it tsjintwurdige Sinkiang) | Ordubalik |
870 - 1212 | Kanaat fan de Karachaniden (stifte troch de Karluken en Oeigoeren | Kasjgar |
1514 - 1678 | Saidia-Kanaat | Yarkand |
- | ferskillende selsstannige regio's ûnder de Hodja's nei de earste Mantsjoe-Sineeske ynfallen yn East-Turkestan | - |
1866 - 1877 | Keninkryk Kasjgaarje (ûnder kriichshear Yakub Beg) | Turfan / Turpan |
12 nov. 1933 - 1934 | Earste Republyk East-Turkestan (gefolch fan in folksopstân tsjin de Sineeske oerheid) | - |
12/11/1944 - 20/10/1949 | Twadde Republyk East-Turkestan (stipe troch de Sovjetuny) | - |