Oene Spoelstra (Ferwert, 14 febrewaris 1944) is in Frysk skriuwer en ûnderwizer. Nei de Dokkumer kweekskoalle, studearre er psychology, andragogy en filosofy yn Grins en Utert. Yn Erlangen en Bournmouth hâlde er him dwaande mei Dútske literatuer en film.

Oene Spoelstra

Biografy bewurkje seksje

Begjin sechtiger jierren skreau er gedichten en proaza yn de literêre blêden De Tsjerne en Trotwaer. Ek yn De gouden tiid, it jongereinblêd fan de KFJ (Kristlik Fryske jongerein) en yn De Harpe fan Bernlef (orgaan fan de Fryske studinteferiening yn Grins) stiene bydragen fan Spoelstra. Hy hat inkelde jierren diel útmakke fan de redaksjes fan De Tsjerne en Trotwaer.

Letter begûn er mei it skriuwen fan toanielstikken. Tusken 1969 en 1976 krige er fiif kear de provinsjale toanielpriis. Foar de RONO skreau er it harkspul ‘Waermte’ (1969), it waard letter op telefyzje brocht trocht de AVRO. Mei Klaas Rusticus makke er in telefyzjespul fan it ferhaal ‘Boete dwaan’ fan Teatske Alzum. Opfallend eksperimint wie de opfiering fan de ienakter ‘Spul’ (1969), weryn’t it publyk nei in reiniging op it toaniel úteinliks troch bleate aktrises mei in wetterpistoal fuortjage waard. Tryater hat ûnder oare syn stik Ik kin net oars’ (1980) opfierd oer Fedde Schurer.

Foar it ferhaal Dukke Bukke dea krige er yn 1976 de Rely Jorritsmapriis. Letter soe er noch inkelde kearen dy priis foar in troch him ynstjoerd ferhaal krije.

Wurk bewurkje seksje

  • Waermte (harkspul, 1969)
  • Fûgels (toaniel, 1969)
  • Kinne jo my sizze faeks (oer Fedde Schurer, 1971)
  • Afke D. (jûnfoljend stik, 1972)
  • Thús (ienakter, 1974)
  • Snipperdei (kommeedzje, 1979)
  • De Hogerhuissaek (bewurking fan it stik fan D.A. Tamminga, 1979)
  • Ik kin net oars (oer libben en wurk fan Fedde Schurer, 1980)
  • De ein fan it slot: in kluchtige trageedzje (1981)
  • In doarp sa lyts of sa fijn en sa fredich (toaniel, 1982)
  • Jierdeifeest (ienakter, 1988)
  • Kommen en gean (ferhalebondel, 1999)

Prizen bewurkje seksje

  • Provinsjale toanielpriis
    • Fûgels, 1969
    • Kinne jo my sizze faaks, 1971
    • Afke D., 1972
    • Thûs, 1972
    • Snipperdag, 1976
  • Rely Jorritsmapriis
    • Dukke Bukke dea (ferhaal, 1976)
    • Bei dir (ferhaal, 1994)
    • Jierdeifeest ( ferhaal, 1996)
    • It doarp (wurdearringspriis fers, 2002)
    • It paradys (ferhaal, 2006)

Keppeling om utens bewurkje seksje