Oerlis:Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren

(Trochferwiisd fan Oerlis:Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letterkunde)
Lêste reäksje: 30 deien lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp Letteren?

Letteren?

bewurkje seksje

@Drewes, @Ieneach fan 'e Esk, @RomkeHoekstra en @FreyaSport, is "Letteren" wol in geef-Frysk wurd? Frysker jout "Letterkunde" en "Taal- en Letterkunde". Gr. Kneppelfreed (oerlis) 14 mai 2024, 19.07 (CEST)Beäntwurdzje

It wol my net oan dat "Letteren" Frysk is. Letterkunde liket my ek better ta.--RomkeHoekstra (oerlis) 14 mai 2024, 19.11 (CEST)Beäntwurdzje
Frysker docht wol faker syn eigen sin, @Kneppelfreed:. Jo en @RomkeHoekstra: sille jimme deroer besauwe, mar yn it Frysk Hânwurdboek stiet op side 1074 wol deeglik it lemma: "letteren (haadwurd, meartal, [̍lɛtǝrǝn]), letterkunde". Dit wurdboek hat it foar de moade om by ynboargere hollanismen (lykas "leuk") in "H" ta te foegjen, mar dy stiet der hjir net by, dus neffens it Frysk Hânwurdboek is "letteren" blykber geef Frysk. Jo kinne de namme fan dizze side dus weromferoarje, @Drewes:. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 mai 2024, 20.41 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk, okee, dat sil dan wol sa wêze, mar ik haw noch noait immen "letteren" yn it Frysk sizzen heard, teminsten yn myn rûnte. Ik haw dus dochs leaver de foarkar foar "Letterkunde". @Drewes, @RomkeHoekstra en @FreyaSport, wat sizze jim? Kneppelfreed (oerlis) 14 mai 2024, 23.42 (CEST)Beäntwurdzje
As je it as in wurd yn in sin brûke, dan soe ik jo gelyk jaan, dan fyn ik "letterkunde" ek better. Mar dêr hawwe wy it hjir net oer. It giet hjir om 'e namme fan in organisaasje. Ik bin net tsjin it ferfryskjen fan 'e nammen fan organisaasjes, mar ik fyn wol dat je dan sa ticht mooglik by de oarspronklike foarm bliuwe moatte. En as "letteren" troch de Fryske Akademy akseptearre wurdt as geef Frysk, en dat is sa, dan fyn ik dat it gjin sin hat en sels averjochts wurket om der dan in oar wurd fan te meitsjen. Om my bliuwt it yn dit gefal Letteren. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mai 2024, 00.46 (CEST)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed, Ieneach fan 'e Esk, Drewes, en FreyaSport: Yn it Frysk Wurdboek fan 1992 wurdt letteren noch as letterkunde oerset. In jiermannich letter wurdt it wurd dus al as geef Frysk yn it Frysk Hânwurdboek oernommen. Miskien fersin ik my, mar it wol my oan dat it Nederlânske wurd letteren fral op akademysk nivo en fierder allinne yn nammen brûkt wurdt. Sokke, dochs wol wat âlderwetske, wurden yn in jiermannich tiid mei ham en gram as geef Frysk oer te nimmen fyn ik wat nuver. Ieneach hat gelyk dat by ferfrysking de namme wol safolle mooglik by de oarspronklike foarm bliuwe moat, mar der is (liket my) wol wat rek mooglik. Sa is yn 'e namme hjir ek keazen foar it Fryske wurd bibleteek, wylst it ek (geef) Fryske wurd biblioteek tichter by de oarspronklike foarm komt. It wurd letteren is my te Nederlânsk en ik jou de foarkar oan letterkunde.--RomkeHoekstra (oerlis) 15 mai 2024, 09.22 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren".