Oerlis:Slach oan de Boarn

Lêste reäksje: 13 jier lyn troch Geoffrey by it ûnderwerp Fryske keninkryk

Fryske keninkryk bewurkje seksje

De Friezen brûkten sels net de titel "kening". (Dat is ommers ien fan de redenen wêrom der twifel is of it liederskip wier fan heit op soan gie.) Dy titels waarden harren fan bûten of letter takent. Om't hja nei de slach lieders ûnder de Frânske keningen wienen, waarden hja mûglik beskôge as hartoggen. Mar om't dy Frânske keningen keizers wurden wienen (Net min, no: yn 49 jier fan hofmeier ta keizer.) wurde de lieders op it nivo dêrûnder dan ta keningen. Dat om hjir no te sizzen dat it keninkskip eindige troch de slach is wat "net sa presys" (Is dêr in geve Fryske oantsjutting foar?) Mysha

We hawwe gjin Fryske boarn ut die tiid en de Frankyske boarne hawwe Redbad nea kening neamd. Mar yn Angelsaksyke boarne wurd wol skrean oer rex en fjidder witte we ut argeologyske opgravens dat de Fryske maatskippei yn de 6e ieu harren safier untwikkele hie dat der in keningstân bestie, lyk as by oare folken rûn de Noardsee. Dat de Franken net skrieuwe oer in Fryske kening en de oare boarne dit wol dogge, hat in polityke besjutting. De Friezen wienen immers sûnt de 7e ieu mei de Franken rigelmjitich yn oarlog en guon út die tiid seagen de Friezen as ôfstannelings.--Geoffrey 1 feb 2007, 16.12 (CET)Beäntwurdzje
Ik haw dat fan kening yn it artikel dochs mar wei helle om't it omstriden is. --Geoffrey 14 aug 2010, 00.02 (CEST)Beäntwurdzje

Boarn(e?) bewurkje seksje

Liket it no net dat alles fan dy iene Frankyske skiedskriuwer komt? Of is dat ek sa? Mysha

sa fier ik wit is hy de ienigste boarn--Geoffrey 1 feb 2007, 15.40 (CET)Beäntwurdzje

Sa fier ik no sjen kin, skreau dy Fredegar, at er bestean hat, mar oant 641. Dat is wat betiid. Mysha

dat is sa mar duon hawwe syn wurk letter oanfult, miskyn is't dân better om't de Liber Historiae Francorum as boarn te neamen --Geoffrey 1 feb 2007, 16.33 (CET).Beäntwurdzje

Westergoa bewurkje seksje

Jirnsum leit net yn Westergoa. As Poppo weromkrongen wie nei de omkriten fan Frjentsjer, wêrom wie de slach dan by Jirnsum? Mysha

Is al oanpast yn artikel --Geoffrey 13 aug 2010, 23.57 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Slach oan de Boarn".