Oosthoeks Ensyklopedy

Oosthoeks Ensyklopedy is in Nederlânsk neislachwurk dy't yn mear as ien útfieringen ferskynd is:

  • de lytse Oosthoek (2 edysjes: 1e 1964/65 yn 2 dln. en 2e 1976, ek yn 2 dln.).
  • de grutte Oosthoek (7 edysjes, sjoch hjirûnder).
Titelblêd fan de earste edysje fan de Oosthoek-ensyklopedy (1923)

Der binne ek útfieringen mei lûdsfragminten.

De Oosthoek-ensyklopedy is in útjefte fan Oosthoek's Uitgevers Mij. N.V. te Utert, in bedriuw dat yn 1907 oprjochte waard troch A. Oosthoek (1876-1949) en yn 1970 fusearre mei de firma Kluwer. De ensyklopedy is in fuortsetting fan de troch Oosthoek oankochte "Vivat's Geïllustreerde Encyclopedie" (11 dln., Amsterdam, 1899-1908) en ferskynde fan 1916 ôf as "Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie". Sawol "Vivat" as de edysjes fan foar 1940 fan Oosthoek binne wat ynhâld en yllustraasjes oanbelanget basearre op it Dútske "Meyers (Konversations-)Lexikon". De 7de en lêstferskynde druk (1976-81) wie yn oerienstimming mei de tiidsgeast "De Grote Oosthoek" titele.

By Oosthoek ferskynde ûnder oaren ek de paperbackrige "Oosthoeks Lexicons". Elts diel dêrfan wie oan ien ûnderwerp wijd.

Edysjes bewurkje seksje

De Lytse Oosthoek
Edysje Titel Dielen Jier
1 De Kleine Oosthoek 2 1964–65
2 De Kleine Oosthoek 2 1976
De Grutte Oosthoek
Titel Edysje Haadredaksje Dielen Utjouwer
Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie 1e druk Redakteur-Sekretaris: A.A. Pulle 11 dln. 1916-1923. Supplemint (dl. 12) 1925 Utert: Oosthoek
Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie 2e druk Redakteur-sekretarissen E.C.G. Brünner en H. F. Nierstrasz 12 dln. 1925-32. Supplemint (dl. 13) 1934 Utert: Oosthoek
Oosthoek's Geïllustreerde Encyclopaedie 3de bywurke en oanfolde druk Redakteur-sekretarissen: H.F. Nierstrasz en E.C.G. Brünner 12 dln. 1932-39 Utert: Oosthoek
Oosthoek's Encyclopaedie 4e druk 15 dln. 1947-53. Suppleminten (dln. 16 en 17) 1955 en 1957 Utert: Oosthoek.
Oosthoeks Encyclopedie 5e druk 15 dln. 1959-64. Supplemint (dl. 16) 1966 Utert: Oosthoek
Oosthoeks Encyclopedie 6e druk Jac L. Griep en J.A. van Houtte 15 dln. 1968-73. 4 Suppleminten (dl. 16-19) Utert: Oosthoek
De Grote Oosthoek. Ensyklopedy en wurdboek 7e útjefte Jac L. Griep en J.A. van Houtte 20 dln. 1976-81. Atlas (dl. 21), 1978. Suppleminten 1 en 2 1981, 1985 Utert: Oosthoek