De palmgier (Gypohierax angolensis) is in soarte út de ûnderfamylje fan de gieren fan de Alde Wrâld (Aegypiinae en Gypaetinae). Yn it Ingelsk wurdt der ek wol 'vulturine fish eagle' neamd, dus as in giereftige earn. Oanlieding hjirfoar binne syn itensgewoanten, dy't net oerienkomme mei dy fan de oare gieren.

palmgier
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôffûgels (Accipitriformes)
famylje haukfûgels (Accipitridae)
skaai palmgieren (Gypohierax)
soarte
Gypohierax angolensis
Gmelin, 1788
IUCN-status: net bedrige

Foarkommen bewurkje seksje

De fûgel is sa'n 56 oant 65 sm. grut en waacht in 1,3 oant 1,8 kg. De wjukspanwiidte leit tusken de 130 en 150 sm. Palmgieren binne ien fan de pear gieresoarten mei fearren op de hals, wylst sy hast net fan grutte kadavers ite en dêrtroch ek gjin bloed yn de fearren krije.
De keale hûd om de eagen is meast wat readeftich. De snaffel en de eagen binne giel, ek de poaten binne giel as ek wol fleiskleurich. De fûgel hat swarte en wite fearren.

 
Palmgiere-aaien.

Iten bewurkje seksje

It iten fan de Palmgier bestiet foar it grutste part út de nuten fan de oaljepalm, mar ek wol dadels en oare fruchten. It is de iennigste rôffûgel dy't dit docht. Hy hinget by it iten fan de fruchten fan de palmbeammen faak ûnderstboppe yn de oan de takken.
Fierder ite de fûgels ek wol libbene fisken dy't se yn it wetter fange mar ek wol oare ynsekten en lytse dieren, sa no en dan ite se ek wol aas.

Fersprieding bewurkje seksje

De Palmgier komt foar yn Afrika, súd fan de Sahara. De fûgel ferbliuwt it leafst oan de wetterkant en der moatte ek oaljepalmen foarkomme.

Fuortplanting bewurkje seksje

It nêst is meast ien yn in hege beam op 10 oant 30 meter hichte, somtiden ek wol yn in hoale. It nêst wurdt makke fan tûken fan oaljepalmen en wurdt faak alle jierren wêr brûkt. Oan de binnenkant wurdt it nêst beklaaid mei gers en dong. It wyfke leit ien wyt aai mei in protte donkerbrune oant lila plakken. It aai wurdt yn fiif wike útbret. De jongen fleane nei sa'n trije moanne út mar bliuwe meast wol yn itselde gebiet.