Stephanus Johannes Paulus (Paul) Kruger (10 oktober 1825Clarens, 14 july 1904), ek bekend as 'Omke Paul,' waard berne yn de Kaapkoloanje, tsjintwurdich Súd-Afrika. Hy wie fan Prusyske komôf en in prominint Boere-lieder yn de opstân tsjin it Britske bestjoer en waard op 30 desimber 1880 presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk. Hy waard dêrnei noch trije kear opnij keazen, foar it lêst yn 1898.

Paul Kruger

Yn 1883 gie hy nei Ingelân om feroarings te bepleitsjen yn de 'konvinsje fan Pretoria' fan 1881 dy't in ein makke hie oan de earste Boereoarloch.

Op 11 oktober 1899 bruts de Twadde Boere-oarloch út. Yn oktober 1900 ferliet Kruger Súd-Afrika mei it Nederlânske slachskip De Gelderlân dat stjoerd wie troch keninginne Wilhelmina. Syn frou Gezina wie op dat stuit slim siik en koe net mei him meigean. Hja stoar op 20 july 1901.

Kruger gie nei Marseille, en bleau it skoft yn Nederlân eardat er nei Clarens yn Switserlân gie, wêr't hy op 14 july 1904 stoar. Hy waard op 16 desimber 1904 begroeven op Church Street cemetery yn Pretoria.

Syn eardere wenhûs yn Pretoria is no it Kruger House Museum.

It Kruger Nasjonale Park is nei him ferneamd; de Súd-Afrikaanske munt, de Krugerrand, dêr't syn antlit op stiet; en de 'Omke Paul piip' , nei it type piip dat hy smookte.

Keppeling om utens bewurkje seksje