Piramide fan Austerlitz

De Piramide fan Austerlitz is in troch napoleontyske soldaten boude piramide op ien fan de heechste punten fan de Utertske Heuvelrêch by Austerlitz. Op dit sintrale plak yn Nederlân hie de Frânske generaal Auguste de Marmont yn 1804 in legerkamp opslein dêr't hy ferskate bataljons yn in pear moanne tiid omsmeide ta in grut, goedtraind leger, dat de Britske fijân ferslaan kinne soe by in mooglike werhelling fan de ynfal fan 1799. Tefreden oer de militêre krêft fan it nije leger, liet hy de soldaten yn de hjerst fan 1804 in duorsum monumint bouwe, in piramideheuvel fan sân en ierde. It monumint wie ynspirearre op de piramide fan Gizeh, dy't De Marmont mei eigen eagen sjoen hie by de Egyptyske fjildtocht fan Napoleon. Sels it troch eroazje bleatleine trepfoarmige oerflak waard neimakke. De bou duorre 27 dagen. De piramideheuvel krige in hichte fan 36 meter, en op de top waard in 13 meter hege houten obelisk setten. Yn 1805 sette De Marmont mei syn leger ôf nei Dútslân, en focht mei yn de Koalysjeoarloch dy't útrûn op de Slach by Austerlitz (it hjoeddeiske Slavkov u Brna), de slach wêryn Napoleon de Russen en Eastenrikers ferneatigjend fersloech. De namme Marmontberg waard koart dêrnei, troch de nije kening Loadewyk Napoleon, feroare yn Piramide fan Austerlitz.

Piramide fan Austerlitz 2008
Piramide fan Austerlitz 1805

De houten obelisk begûn al gau skean te sakjen en waard yn 1808 ôfbrutsen. Yn 1894 liet J.B. de Beaufort, dy't eigener fan de piramide wie én boargemaster fan Woudenberg, de gemeente dêr't it grûngebiet fan de piramide ûnder falt, de hjoeddeiske stiennen obelisk op de piramide bouwe. Dy is ek skean stean gien.

Restauraasje bewurkje seksje

Fan desimber 2001 oant 2004 is de sterk yn ferfal rekke piramide restaurearre mei it each op de fiering fan it 200-jierrich bestean yn 2004. Dit barde op inisjatyf fan de provinsje Utert, lângoed Den Treek-Henschoten en de gemeente Woudenberg, dy't har hjirfoar ferienen yn in stifting. Yn maart 2004 bliek de ien miljoen euro kostjende hawwende restauraaasje fan de piramide lykwols net duorsum te wêzen. In diel fan de gersseadden hechte him net oan de ûndergrûn en fersakke. Neffens de oannimmer kaam dit troch de drûge simmer fan 2003, wêrtroch't de boaiem noch net goed ynklonken wie by in soad rein yn maart 2004 en der wetter ûnder de seadden kaam, sadat dy ferskoden. De Stifting Piramide fan Austerlitz naam de ferantwurding op har, mar hie net genôch jild om de ferfolchrestauraasje te beteljen. It restauraasiewurk waard stil setten yn 2004 en de weriepening yn septimber 2004 waard ôflast. Op 5 febrewaris 2007 gienen de Provinsjale Steaten fan de Provinsje Utert akkoard mei in yn desimber 2006 troch de Stifting Piramide fan Austerlitz by Deputearre Steaten yntsjinne finansieringsfoarstel foar ôfrûning fan de restauraasje en ynstânhâlding fan de piramide. De start fan de nije restauraasje waard op 12 oktober 2007 fierd mei it pleatsen fan tinkstiennen en it iepenjen fan in besikerssintrum oer de Frânske tiid. Op dy dei wie it op de kop ôf 203 jier ferlyn dat de piramide oarspronklik klear kaam. Sûnts 19 juny 2008 kin de piramide wer, ûnder begelieding, beklommen wurde. Op dy dei waard ek it nije besikerssintrum iepene. Yn 2009 wie de restauraasje dien en waard de piramide offisjeel op 'e nij iepene.

Ferskaat bewurkje seksje

  • De Piramide fan Austerlitz hat model stien foar de gruttere Liuw fan Waterloo, de piramideheuvel dy't kening Willem I yn Eigenbrakel oprjochtsje liet as monumint foar de Slach by Waterloo, Napoleons ûndergong. De heuvel stiet op it plak dêr't Willems soan yn de striid ferwûne rekke.
  • Inkele kilometers súdeastlik fan de Piramide leit it doarpke Austerlitz.
  • Oan de Seisterwei tichtby de Piramide leit de boarterstún en horekagelegenheid "Piramide fan Austerlitz".

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: