Plan Súd (Boalsert)

Plan Súd is in buert yn de Fryske stêd Boalsert. Sa't de namme al seit leit de wyk oan de súdkant fan de stêd. De wyk wurdt rûchwei begrinzge troch de A7 yn it suden, it Krúswetter yn it westen, de stedsgrêft yn it noardwesten, de Badwei yn it noarden en it Julianapark yn it easten. De wyk is nei de Hollandiabuert de âldste útwreidingswyk fan de stêd. De wyk waard yn de 1930-er jierren boud en opset as "túnstêd" en hat trije wensfearen: âlde fila-eftige bebouwing by de stedsgrêft del, frijsteande dûbelwenten mei in romme opset, en lytse korporaasjewenten yn rychjefoarm.

Plan Súd (Boalsert)
It âlde tramstasjon oan de Snitserstrjitte
It âlde tramstasjon oan de Snitserstrjitte
polityk
Gemeente Súdwest-Fryslân
Stêd Boalsert

De Snitserstrjitte dy't oan 'e noardkant troch de wyk rint, stiet it âlde tramstasjon fan de tramline fan Snits nei Harns. Dêrnjonken hie de Nederlânske Tramwei Maatskippij in depot dêr' t letter it LAB in stalling en graazje hie. Ek wie der it haadbusstasjon fan Boalsert fêstige. Yn de 2000-er jierren waard dat gebiet alhiel fernijd en waarden apparteminten mei winkels op de flierferdjipping boud.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wiken en buerten yn de stêd Boalsert
Buerten:
AltenburchBinnenstêdEekwertDe FûgelkriteHartwerter FeartHollandiabuertParkplanNoardSúd
Buorskip:
Laerd en Saerd
wizigje