In pornoblêd is in tydskrift dat him konsintrearret op of benammen bekend is om it publisearjen fan pornografyske foto's fan froulike en/of manlike pornoakteurs. Pornoblêden ferskine yn 'e regel ien kear yn 'e moanne, en binne dus moanneblêden. Bekende foarbylden fan pornoblêden binne Hustler en Private.

Pornoblêden moatte net betize wurde mei neakenblêden. It ferskil is dat op 'e foto's yn neakenblêden inkeld neaken posearre wurdt, wylst op foto's yn pornoblêden ek seksuële hannelingen ferrjochte wurde. De skiedline leit by masturbaasje, dat pornografysk is, hoewol't pornoblêden ornaris fierder geane as dat en geslachtsmienskip tusken ien of mear manlju en/of ien of mear froulju sjen litte. Yn 'e Feriene Steaten wurdt trouwens ienfâldige neakenfotografy faak ek al as pornografy oantsjut, sadat neakenblêden as de Playboy en de Penthouse dêr gauris 'pornoblêden' neamd wurde. Dy klassifisearring is koartby oerwaaid nei Jeropa; dêrfandinne dat men dat hjir no inkeld ek alris heard. Yn wurklikheid leit it lykwols oars.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliogaphy, op dizze side.